Springe nei ynhâld

Brúnkopiisfûgel

Ut Wikipedy
brúnkopiisfûgel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje iisfûgels (Alcedinidae)
skaai echte beamiisfûgels (Halcyon)
soarte
Halcyon albiventris
Scopoli, 1786
IUCN-status: net bedrige

De brúnkopiisfûgel (Halcyon albiventris) is in fûgelsoarte út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

De brúnkopiisfûgel is in middelgrut lid fan it skaai echte beamiisfûgels (Halcyon). De fûgel hat in opfallende reade snaffel, reade poaten en in ljochtbrún streke kop. De boppekanten fan 'e wjukken binne donkerbrún oant swart en kobaltblau. De sturt en rêchfearren binne azuerblau.

De soarte komt yn 'e súdlike helte fan Afrika foar en telt fjouwer ûndersoarten:

It biotoop fan 'e soarte bestiet út bosk, savanne's en agraryske gebieten.

It iten bestiet fral út ynsekten, mar ek slangen, skorpioenen, hagedissen, jonge fûgeltsjes, kjifdieren en fiskjes.

De wrâldpopulaasje is net kwantifisearre, mar de soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. Yn it ferspriedingsgebiet is it geskikte biotoop ôfnommen. Dêrom wurdt der fanút gien dat de soarte yn oantal efterút giet. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige op 'e Reade list (2024).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes op de:Braunkopfliest