Brúnboarstljip
| brúnboarstljip | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Vanellus superciliosus | ||||||||||||
| Reichenow, 1886 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De brúnboarstljip (Vanellus superciliosus) is in fûgelsoarte yn it fûgelskaai ljippen (Vanellus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). De spesifike namme superciliosus betsjut "mei in wynbrau".
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt likernôch 23 sm lang en hat in readbrune foarholle, swarte kroan, in giele eachring en in giele hûdflap foar it each. Under de snaffel en it each is de fûgel griis oant it boarst mei in kastanjebrune râne. Under is de fûgel wyt. De boppewjukken hat brúngrize skouderfearren mei in brede wite bân en swarte hânpinnen. De sturt is wyt mei in swarte einbân.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brúnboarstljip briedt fan Nigearia yn it westen oant nei it easten yn 'e Sintraal-Afrikaanske Republyk. It oerwinteringsgebiet is grutter en leit noardlik en súdlik dêrfan en nei it easten oant Uganda en Tanzania en it suden oant Demokratyske Republyk Kongo. De soarte is monotypysk.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brúnboarstljip wurdt yn iepen savannes oantroffen mei koart gers, somtiden strûken of iepen bosk en koartlyn platbaarnde gebieten. Hy yt ynsekten lykas mychammels en foerazjearert ek nachts. De fûgel briedt tusken jannewaris en maart yn Nigearia en Kameroen en nei alle gedachten yn desimber oant juny yn 'e Demokratyske Republyk Kongo. De fûgel is monogaam.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasjetrend fan 'e soarte is ûnbekend, mar it ferspriedingsgebiet is relatyf grut. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) beskôget de soarte net as bedrige en set de fûgel dêrom yn 'e kategory net bedrige (Last Concern). De wrâldpopulaasje wurdt tusken 10.000 oant 20.000 folwoeksen fûgels rûsd.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Ljip
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Uganda
