Brúnboarstiisfûgel
| Brúnboarstiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Halcyon gularis | ||||||||||||
| Kuhl, 1820 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De brúnboarstiisfûgel (Halcyon gularis) is in endemyske fûgelsoarte fan it skaai echte beamiisfûgels (Halcyon) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De soarte is monotypysk.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas de Smyrna-iisfûgel, is de brúnboarstiisfûgel mei in lingte oant 28 sm in relatyf grutte iisfûgelsoarte. In folwoeksen brúnboarstiisfûgel hat in felblauwe rêch, wylst de kop, it boarst en de búk kastanjebrún binne. De likernôch 12 sm lange wjukken binne blau mei grutte swarte skouderplakken en op 'e ein fan 'e bûtenste slachpinnen swarte punten. De snaffel is helderread, lykas ek de poaten. Fuort ûnder de snaffel binne de fearkes wyt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk op 'e Filipinen, mar komt net foar op Palawan en de Sulu-eilannen. De biotoop bestiet út iepen lân, fivers, sompen, rivieren en boskrânen.
Iten en nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte yt ynsekten, reptilen, amfibyen, fiskjes, lytse fûgels, sûchdierkes en bytiden sels flearmuzen. Sit op in hichte fan 5 oant 10 m en dûkt dêr wei nei syn proai.
De soarte briedt fan april oant maaie yn termiteheuvels en in lechsel bestiet út twa oant fjouwer aaien.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne gjin rûzings fan 'e grutte fan 'e populaasje. De oarspronklike biotoop fan 'e fûgel wurdt bedrige troch feroarjend lângebrûk, mar de soarte past him lykas de Smyrna-iisfûgel suksesfol oan it boerelân en oaljepalmplantaazjes oan. De brúnboarstiisfûgel stiet as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN (2024).
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Sjoch foar boarnen en/of referinsjes op en:Brown-breasted kingfisher
|
