Springe nei ynhâld

Brânwacht

Ut Wikipedy
De brânwacht by it blussen fan in brân yn in leechsteand gebou yn Kanada.

De brânwacht is de ynstelling fan 'e oerheid dy't him dwaande hâldt mei it bestriden fan brannen, it rêden fan minske en bist út benearing en it ferlienen fan help by ûngemakken en rampen. Immen dy't by de brânwacht wurket is in brânspuitman (meartal: brânspuitlju). De brânwacht ken men werom oan 'e reade kleur fan harren auto's en oan harren spesjalistysk materieel.

Yn Nederlân en de measte oare lannen is de brânwacht in oerheidsynstânsje, dy't organisearre is op gemeentlik nivo. Der binne twa soarten brânwacht: de beropsbrânwacht en de frijwillige brânwacht. In beropsbrânwacht, dy't bestiet út lju dy't brânspuitman foar har berop binne, komt ornaris inkeld foar yn grutte stêden of bysûndere gebieten (bgl. it grutte yndustrygebiet Europoarte by Rotterdam).

Nederlânske brânspuitlju by in oefening.

Yn lytse en middelgrutte gemeenten (alteast wat befolkingsgrutte oangiet) is der hast altyd sprake fan in frijwillige brânwacht. Leden fan 'e frijwillige brânwacht binne brânspuitman as frijwilliger, njonken harren eigentlike berop. Yn Nederlân binne der 26.900 brânspuitlju, wêrfan't krapoan 80% út frijwilligers bestiet. De reden foar it bestean fan 'e frijwillige brânwacht is dat it foar lytse gemeenten gewoan te djoer is om in beropsbrânwacht yn te stellen.

Njonken de brânwacht as oerheidsynstelling hawwe beskate tige grutte bedriuwen en ynstellings ek in eigen bedriuwsbrânwacht. Men moat dan tinke oan ferskate oaljeraffinaderijen yn 'e haven fan Rotterdam en bedriuwen as Philips en Tata Steel (de eardere Heechûnen). Ek guon grutte sikehuzen hawwe in eigen brânwacht.

De foarnaamste taak fan 'e brânwacht is de brânbestriding. Dêrta heart fansels it eigentlike blussen fan brannen, mar ek it jaan fan foarljochting oer it foarkommen fan brannen en de kontrôle op it nimmen fan brânbestridende maatregels, benammen troch bedriuwen.

Dêrnjonken is ek helpferliening mear yn it algemien ien fan 'e taken fan 'e brânwacht. Sa befrije brânspuitlju by slimme ferkearsûngemakken minsken dy't beklamme kommen binne te sitten yn har auto. Dêrfoar beskikt de brânwacht oer spesjalistysk swier ark, lykas hydraulyske sprieders en pneumatyske skjirren. Ek rêdt de brânwacht bisten út 'e benearing: bygelyks katten dy't heech yn 'e beam klommen binne en dêr net wer wei doare te kommen, of hynders dy't yn 'e sleat rekke binne en fêstsitte yn 'e blauwe drek.

In tankautospuit.

Fierders is de brânwacht yngeand belutsen by de rampebestriding yn it algemien. Dêrom wurdt dizze ynstânsje net inkeld by brannen ynskeakele, mar ek as der bygelyks gefaarlike gemyske stoffen ûntsnapt binne.

Yn it bûtenlan komt it foar, lykas yn 'e Feriene Steaten, dat de ambulânsetsjinst in ûnderdiel fan 'e brânwacht is. Yn sa'n gefal is ek it ferfier fan siken en ferwûne lju nei it sikehûs in taak fan 'e brânwacht.

De brânwacht beskikt oer gewoane persoane-auto's, mar ek oer spesjaal materieel. Foarbylden binne in tankautospuit, in skombluswein, of in ljedderwein (ek: autoljedder). Ljedderweinen, mei in lange, útskobere ljedder om by brannen yn hege gebouwen komme te kinnen, wiene lange tiid ien fan 'e earste dingen dêr't minsken oan tochten as se it wurd 'brânwacht' hearden. Tsjintwurdich wurde se lykwols op in protte plakken ferfongen troch heechwurkers. Yn havens fan grutte stêden beskikt de brânwacht ek faak oer ien of mear blusboaten.

Auto's en oare fiertugen fan 'e brânwacht hawwe yn 'e measte lannen en territoaria in felle reade kleur. Yn Nederlân is it hiele weinpark fan 'e brânwacht werom te kennen oan dy kleur mei oer in diel fan it fiertúch de wyt-blauwe BZK-streken (fan it Ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes) dy't yn it libben roppen binne om 'e werkenberens fan 'e ûnderskate Nederlânske helpferlieningstsjinsten te fergrutsjen. De fiertugen fan 'e brânwacht binne tarist mei in blau swaailjocht en in twatoanige sirene.

De brânwachtkazerne fan Winterswyk.

In lid fan 'e brânwacht is in brânspuitman (meartal: brânspuitlju). Krekt as bygelyks plysjes en de dûaniers drage brânspuitlju in unifoarm om harren werkenberens te fergrutsjen. Foarhinne waard it berop fan brânspuitman lange tiid útslutend útoefene troch manlju. Sûnt de lêste desennia fan 'e tweintichste iuw is dêr stadichoan feroaring yn kommen. Tsjintwurdich is it net mear nuver of ûnferwachts om in brânspuitfrou te treffen, al is de grutte mearderheid fan 'e leden fan 'e brânwacht noch altyd man. Om by de brânwacht oannommen te wurden, moat men in yngongsproef ôflizze om te sjen oft men der wol fit genôch foar is. It is nammentlik tige swier wurk. In medyske keuring makket ornaris diel út fan 'e yngongsproef.

It gebou dat de thúsbasis fan in brânwacht is, hjit in brânwachtkazerne. Dêr wurdt al it ark bewarre en it grut materieel stâle. By de beropsbrânwacht is de kazerne ek it plak dêr't de brânspuitlju ferbliuwe dy't tsjinst hawwe. Yn 'e tiid dat der gjin brân of oare needoproppen binne, wurdt dêr oefene en wurke oan it ûnderhâld fan it ark en materieel. By de frijwillige brânwacht hat de kazerne dy lêste funksje net. Dêr folgje de brânspuitlju bûten de geregelde trainings om har eigen libben en moatte se by needoproppen fan har wurk komme. Yn sokke gefallen moatte se binnen 2–3 minuten op 'e kazerne wêze kinne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.