Brâninggril
| Brâninggril | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Calidris virgata | ||||||||||||
| Gmelin, 1789 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
briedfûgel trekfûgel (net-briedend) |
De brâninggril (Calidris virgata) is in steltrinner út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae). De fûgel briedt yn Alaska en noardwestlik Kanada. Winterdeis migrearret er nei de westkust fan Noard- en Súd-Amearika. Foarhinne waard de soarte as iennige soarte yn it skaai Aphriza pleatst, mar hjoed-de-dei wurdt er ta it skaai Calidris rekkene. De soarte nimt yn oantal ôf, mar de populaasje wurdt dochs noch as net bedrige beskôge.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De brâninggril is in rûne en krêftige steltrinner dy't trochstrings 190 gram weaget. De fûgel hat koarte, heldergiele poaten en in koarte, grouwe snaffel dy't griis fan kleur is en by de basis oan 'e ûnderkant oranje is. It fearrekleed is meast griis mei in wite búk en ûndersturtdekfearren. De ûnderkant fan 'e wjukken is wyt en mei griis omrâne. Oan 'e boppekant is in wite wjukbân te sjen, dy't as in dúdlike streek tusken de dekfearren en de slachpinnen troch rint. De fûgel hat in wite sturt mei in brede, swarte einbân. Yn it briedkleed hat er wat oranje plakjes op 'e skouderfearren, swarte pylkfoarmige plakken op it boarst en de búk, en in wytstreke kop en boarst. By it fleanen binne de wjukken djip bûge.
De fûgel is meastentiids stil.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel briedt op 'e stienige tûndra fan Alaska en Yukon. It is in trekfûgel dy't oerwinteret oan de hiele westkust fan Amearika, fan súdlik Alaska oant de súdlike punt fan Sily. Winterdeis binne se faak oan 'e kust te finen, dêr't se yn lytse kloften tegearre mei stienpikkers iten sykje.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It wyfke leit trochstrings fjouwer aaien yn in kûltsje yn 'e grûn, dat beklaaid is mei begroeiïng. Beide âlden fersoargje de jongen, dy't fluch leare om sels iten te finen. Op 'e briedplakken ite se benammen ynsekten en sied. Winterdeis ite se lytse kreefteftigen en oare wringeleaze bisten.
Systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foarhinne waard de brâninggril as iennige soarte ta it skaai Aphriza rekkene en waard der tocht dat er nau besibbe wie oan 'e stienpikkers (Arenaria). DNA-ûndersyk wiist lykwols út dat er nau besibbe is oan 'e mients (Calidris canutus) en de grutte mients (Calidris tenuirostris). Dêrfandinne wurdt de soarte no yn it skaai Calidris yndield.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar it oantal soe ôfnimme. Dochs wurdt de soarte net as bedrige beskôge. De IUCN kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op 70.000 folwoeksen fûgels.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brâninggril waard yn 1789 wittenskiplik beskreaun troch Johann Friedrich Gmelin. De wittenskiplike namme virgata betsjut "streke".
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Gril
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Sily
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Alaska

