Brân yn de Innovation
| Brân yn de Innovation | ||
| Monumint op it begraafplak fan Brussel | ||
| bysûnderheden | ||
| type ramp | Brân | |
| oarsaak | net bekend | |
| datum | 22 maaie 1967 | |
| tiid | 13:20 | |
| lân | ||
| Regio | ||
| Arrondissemint | Brussel-Haadstêd | |
| plak | ||
| statistiken | ||
| deaden | 251 | |
| ferwûnen | 62 | |
| lokaasje | ||
De brân yn de Innovation wie in ramp dy't yn de neimiddei fan 22 maaie 1967 it Brusselske filiaal fan de Belgyske it grutte warehúsketen Innovation. 251 minsken kamen om it libben by de brân en 62 rekken ferwûne.
De brân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wiene sa'n achthûndert persoanen oanwêzich yn de winkel, dêr't op dat stuit in Amerikaanske wike wie. Om 13.20 oere hinne waard troch in ferkeapster brân opmurken yn in lytse opslach foar berneklean op de earste ferdjipping. Doe't de brânwacht oankaam, hie it fjoer de sintrale koker al berikt wêrtroch't it ekstra soerstof krige.
Benammen yn it selsbetsjinningsrestaurant, oan de efterkant, hiene in soad minsken pas let yn de gaten dat der brân wie. Hja koene gjin kant út doe't it fjoer harren berikte, it warehûs siet yn in doalhôf fan ûnderskate gebouwen. Ek yn de oare gebouwen beseften in soad minsken net wat der oan de hân wie, trochdat it brânalarm op deselde tiid ôfgie as de belle dy't alle dagen it middeisskoft fan it personiel oankundige.
Minsken sprongen út ruten, wylst brânwacht en omwenners harren besochten te rêden troch tekkens te spannen en ljedders te pleatsen. Om 15.15 oere twa oeren nei't de brân ûntdutsen waard stoarte in part fan de winkel yn.
Undersyk nei de oarsaak
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer de oarsaak fan de brân is wiidweidich spekulearre. Earst waard tocht oan brânstichting troch ekstreem linkse militanten; yn de Innovation wie krekt in Amerikaanske wike dwaande, fanwegen de Fjetnamkriich wiene der in protte protesten tsjin alles wat Amerikaansk wie.
Bewiis fan kweade opset is lykwols nea fûn. Prokureur Vélu drukte de geroften oer in oanslach de kop yn troch te befêstigjen dat der mar ien fjoerhurd west hie.Nei trije jier waarden de resultaten fan it gerjochtlik ûndersyk bekend makke. De trije oanstelde eksperts kamen ta de konklúzje dat har lekkend stedsgas opheappe hie boppe in ferlege plafond en dat dit yn 'e brân rekke wie troch in ferhjitte lampke.
Yn alle gefallen wie it warehûs alhiel net feilich: de blusynstallaasje wie net tarikkend, de arsjitektuer (in soarte fan amfiteäter om in sintrale romte mei treppehûs) droech by oan in flugge ûntwikkeling fan it fjoer, de needuitgongen wiene net allegearre iepene, guon needgongen wiene oanbrocht foar de sier (foar ruten en bline muorren). Dochs besleat it iepenbier ministearje nimmen te ferfolgjen.
Fiif jier nei de brân krige Belgje in tige strange wetjouwing foar brânfeiligens yn winkels. Op it begraafplak fan Brussel yn Evere stiet in monumint ta neitins oan de slachtoffers fan de brân. Innovation iepene yn 1970 op itselde plak in nij warehûs, it hjoeddeiske INNO.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
