Boxtel (gemeente)
Boxtel | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Boxtel is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân. De gemeente hat 33.935 (1 jannewaris 2024) ynwenners.
De gemeente leit yn 'e Meierij fan 'e Bosk, hat in oerflak fan 65 km² (wêrfan 0,07 km² wetter) en leit op in hichte fan 9 meter. Troch de gemeente streamt de rivier de Dommel.
Om 't de gemeente yn 'e midden fan 'e trijehoek Tilburg, Eindhoven en De Bosk leit, wie Boxtel al ier in ferkearsknooppunt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By in gemeentlike weryndieling yn 1996 waard de gemeente Liempde by de gemeente Boxtel foege. In diel fan Gemonde dat ta Boxtel hearde waard by de gemeente Sint-Michielsgestel foege.
De splitsing en ferdieling fan 'e gemeente Haaren soarge derfoar dat de kearn fan Esch fan dy gemeente op 1 jannewaris 2021 by de gemeente Boxtel yndield waard.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken de plakken Boxtel, Liempde, Lennisheuvel en Esch bestiet de gemeente út de folgjende buorskippen: Den Berg, De Vorst, Kasteren, Kinderbos, Langenberg, Luissel, Nergena, Roond, Tongeren, Vrilkhoven, Hezelaar, Selissen, Looeind.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Sint-Petrusbasilyk fan Boxtel is in ymposante tsjerke mei in rike skiednis.
- It kastiel Stapelen is in 13e-iuwsk kastiel, omfieme mei in tún. De tún is tangonklik mar de it kastien sels is fan binnen net iepen foar publyk.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Oertijdmuseum Boxtel is it grutste geologyske museum fan Nederlân, bekend om syn libbensgrutte dinosaurussen en fossilen.
It MUBO (Museum Boxtel) is in museum oer de skiednis fan Boxtel fan 'e prehistoarje oant de moderne tiid en toant mei wikseljende eksposysjes fan kultureel erfgoed en moderne keunst.
Museum Vekemans is in museum oer de skiednis fan waskjen en striken, mei in ynternasjonaal ferneamde kolleksje fan wask- en strykapparatuer en dêrnjonken ek in kolleksje fan skilderijen.
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It 35.000 hektare grutte "Nasjonale Park Het Groene Woud" leit foar in part yn 'e gemeente Boxtel.
Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In histoaryske figuer yn Boxtel is de reus 'Jas de Keistamper'. Jas de Keistamper is in 3,75 m grutte pop yn 'e foarm fan in reus dy't geregeldwei by spesjale gelegenheden lykas karnaval of Keningsdei ferskynt. Mar lykas yn oare Brabânske plakken mei in soartegelikense tradysje driget ek Jas de Keistamper te ferdwinen troch brek oan frijwilligers om de reus te dragen.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeenten yn Noard-Brabân | ![]() |
---|---|
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |
![]() ![]() ![]() |