Springe nei ynhâld

Bounty-eilannen

Ut Wikipedy
Bounty-eilannen
geografy
ûnderdiel fanBounty-eilannen
algemien
belangrike plakkenDepot Island; Funnel Island; Molly Cap
ynwennertal0
sifers
maks. lingte5 km
oerflak1,35 km²
heechste puntFunnel Island, 73 m
oar
tiidsôneUTC+12
kaart
Bounty-eilannen (Grutte Oseaan-reliëf)
Bounty-eilannen
Lokaasje fan 'e Bounty-eilannen

De Bounty-eilannen (Maory: Moutere Hauriri; "eilân fan lilke wyn") binne in lytse groep ûnbewenne eilantsjes fan granyt en tal fan rotsen, mei in mienskiplik oerflak fan likernôch in tredde fan it lânoerflak fan Skiermûntseach. Se lizze yn 'e Súdlike Stille Oseaan. Territoriaal hearre se by Nij-Seelân. De eilannen lizze likernôch 670 km east-súdeastlik, 530 km súdwestlik fan 'e Chathameilannen en 215 km noardlik fan 'e Antypoade-eilannen. De groep stiet op 'e Wrâlderfgoedlist.

De eilannen wurde rekkene ta de Nij-Seelânske Bûtenlizzende Eilannen. Se meitsje streekrjocht diel út fan Nij-Seelân, mar hearre net by in bepaalde regio of distrikt. Ynstee wurde se oantsjut as in gebiet bûten in territoriale autoriteit, lykas de measte oare bûtenlizzende eilannen, mei útsûndering fan 'e Solandereilannen.

Replika fan 'e HMS Bounty.

Kaptein William Bligh ûntduts de Bounty-eilannen yn 1788, ûnderweis fan Spithead nei Tahity. Hy neamde de eilannen nei syn skip, de HMS Bounty, mar mar in pear moanne foar de ferneamde muiterij op dat skip. De lokaasje fan 'e eilannen waard doe rûch op seekaarten oanjûn.

Begjin 1866 krige kommandant W.H. Norman fan 'e HMVS Victoria de opdracht om de lokaasje fan 'e eilannen krekter fêst te stellen. Hy joech de koördinaten op as 47°50' súderbreedte en 179°00' easterlingte. Kaptein George Palmer, dy't op syk wie nei it skip Matoaka, bepaalde de lokaasje op 47°46'24" súderbreedte en 178°56'45" easterlingte. Palmer anneksearre de eilannen dêrnei foar Nij-Seelân.

Yn 'e 19e iuw wie it gebiet in populêr gebiet foar jagers op seehûnen. De eilannen waarden ek sa út en troch ôfspeurd nei fermiste skippen en harren bemanning, ûnder oaren dy fan 'e General Grant en de Matoaka.

It steamskip Hinemoa besocht de eilannen yn maart 1886. Op it grutste eilân waard in foarriedepot foar strâne seelju boud. Kaptein Fairchild stelde fêst dat der gjin swiet wetter op 'e eilannen te finen wie. It depot wie al troch de see ferneatige doe't de Stella de eilannen yn 1887 besocht. Yn 1888 waard in nije seekaart, Admiralty Chart 1022, fan it gebiet útbrocht. Dêryn waard ek rekken holden mei it mjitwurk dat troch de bemanning fan 'e Hinemoa dien wie.

Yn novimber 1891 kaam de Hinemoa werom nei de eilannen om dêr in nij depot foar it opslaan fan foarrieden te bouwen.

Floara en fauna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Pacificana cockayni.

Ekologysk sjoen meitsje de eilannen diel út fan 'e tûndra-ekoregio fan 'e Antipoaden. Planten dy't hjir foarkomme binne ûnder oare Lepidium oleraceum.

Op 'e eilannen komt de endemyske spin Pacificana cockayni, endemyske ynsekten en grutte oantallen seefûgels.

Wichtich fûgelgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Bounty-eilannen binne troch BirdLife International oanwiisd as in important Bird Area (IBA), fanwegen harren belang as briedgebiet foar ûnder oare:

De Bounty-eilannegroep bestiet út 13 granyteilannen. De hiele keatling is op it langste punt mar sa'n 5 km breed en bestiet út trije groepen: de haadgroep, de sintrale groep en de eastlike groep. It totale oerflak is mar 1,35 km².

De haadgroep is de grutste fan 'e trije groepen en leit yn it noardwesten fan 'e keatling. Hjir leit ek it grutste eilân fan de groep, Depot Island, dat sa'n 700 meter lang en op it breedste punt 400 meter breed is. Proclamation Island en Tunnel Island wurde mar troch in smelle iepening fan Depot Island skieden en binne by leechwetter mei it eilân ferbûn. In lyts eilantsje foar de noardkust fan Spider Island is it noardlikste punt fan 'e hiele keatling. It westlikste punt is it westlike útein fan Penguin Island.

De sintrale groep leit sa'n 1,5 oant 2 km súdeastlik fan de haadgroep. De groep bestiet út trije grutte eilannen dy't fan noard nei súd lizze. Fuort westlik dêrfan leit noch in lytser eilantsje. It noardlikste eilân fan dizze groep, Funnel Island, hat mei 73 meter boppe seenivo it heechste punt fan 'e hiele eilannekeatling.

Nochris 1,5 km fierder nei it easten leit de eastlike groep, dy't ek rûchwei fan noard nei súd rint. It grutste eilân fan dizze groep, Molly Cap, is it súdlikste eilân en hat mei 70 meter boppe seenivo it op ien nei heechste punt fan 'e keatling. Dizze groep bestiet njonken ferskillende riffen en rotspunten út twa grutte eilantsjes en ien lyts eilantsje. Ien dêrfan foarmet it eastlikste punt fan de hiele Bounty-eilannegroep.

Panorama fan 'e Bounty-eilannen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Department of Conservation, oproppen 27 augustus 2026

Boarnen, noaten en/as referinsjes: