Springe nei ynhâld

Bougainville (eilân)

Ut Wikipedy
Bougainville
emblemen
geografy
lokaasje Stille Oseaan
ûnderdiel fan Salomonseilannen
lân Papoea Nij-Guineä
Autonome Regio Bougainville
koördinaten 6°9'S 155°15'E
algemien
haadstêd Arawa (Bougainville)
ynwennertal ± 245.000 (2017)
sifers
maks. lingte 204 km
maks. breedte 64 km
oerflak 8.800 km²
heechste punt Mount Balbi: 2.715 m
kaart
Bougainville (Papoea Nij-Guineä)
Bougainville

Bougainville is in eilân fan 'e Salomonseilannen, polityk heart it eilân by Papoea Nij-Guineä. It is it grutste eilân fan 'e autonome regio Bougainville en leit eastlik fan it fêstelân fan Papoea Nij-Guineä. Dêrnjonken omfiemet de regio ek it eilân Buka en meardere lytsere eilannen.

Mount Bagana.

Bougainville foarmet ûnderdiel fan 'e Pasifyske Fjoerring, in aktyf fulkanysk gebiet. Der binne ferskillende fulkanen lykas de Mount Bagana (ien fan 'e meast aktive fulkanen yn 'e Stille Oseaan), de Balbi en Takuan. De regio is gefoelich foar ierdskoddings.

De boaiem fan it eilân is ryk oan koper, goud en sulver.

In grut diel fan it eilân is oerdutsen mei primêr tropysk wâld.

Bougainville wie sûnt de ein fan 'e 19e iuw eartiids in part fan Dútsk Nij-Guineä en waard nei de Earste Wrâldkriich bestjoerd troch Austraalje.

Ynnommen Japansk fleantúch

Yn maart 1942 waard Bougainville beset troch it Keizerlike Japanske leger. De Japanners bouden ferskate militêre bases op it eilân, benammen foar fleanfjilden. Bougainville wie strategysk tige wichtich, om't it yn it sintrum fan 'e Salomonseilannen leit. De lokale befolking hie slim te lijen ûnder de geweldadige besetting en moasten foar de Japanners ûnder drege omstannichheden wurkje wylst in soad ynwenners út harren doarpen ferdreaun waarden. Yn novimber 1943 setten de Amerikanen útein mei in militêre kampanje om de Japanners fan it eilân te ferdriuwen. De Slach om Bougainville begûn by Cape Torokina, yn it westen fan it eilân, dêr't se in eigen fleanfjild oanleinen. De Japanners waarden net hielendal ferjage mar waarden wol isolearre oant de kapitulaasje fan Japan yn augustus 1945. In grut part fan 'e lokale befolking holpen de Amerikanen en tsjinnen as gidsen, ferkenners en dragers.

Sûnt 1975 is it mei Papoea Nij-Guineä ûnôfhinklik.

Yn 'e jierren 1988 oant 1998 fûn der in swiere boargeroarloch plak op it eilân, foar in grut part om de Panguna-myn, dy't troch it Australyske bedriuw Rio Tinto eksploitearre waard. De myn feroarsake in soad miljeuskea en de ûnfrede dêroer en it net dielen fan opbringsten late ta in oarloch en it sluten fan 'e myn.

Yn 2001 waard de Bougainville Peace Agreement ûndertekene, dy't late ta in gruttere autonomy. Yn 2019 waard in referindum holden oer ûnôfhinklikens fan Bougainville. Mear as 97% fan 'e minsken stimden foar folsleine ûnôfhinklikens fan Papoea Nij-Guineä.[1] De útslach wie net binend, mar in wichtich sinjaal. It proses om folslein ûnôfhinklik te wurden is noch oan 'e gong en der is in prinsipedatum fan 1 septimber 2027 fêststeld.[2]

Manlju mei in saneamde upu, in tradisjoneel haaddeksel dat by de ynwijing nei de folwoeksenheid brûkt wurdt (1929).

De befolking fan Bougainville is etnysk, kultureel en taalkundich mear besibbe mei de befolking fan 'e Salomonseilannen as mei Papoea Nij-Guineä. Der wurde ferskillende lokale talen praat, mar ek Tok Pisin, Ingelsk. Guon minsken prate Hiri Motu. It eilân hat in rike kultuer oan keunst, muzyk, seremoanjes en ferhaaltradysjes.

In grutte mearderheid fan 'e befolking is roomsk-katolyk, dat foar in grut part te tankjen is oan Dútske en Frânske misjonarissen. De Roomsk-Katolike Tsjerke hat in soad ynfloed op it eilân hân mei de bou fan skoallen en sikehûzen. Fierder binne der ferskillende lytsere protestantske mienskippen.

De Panguna-myn wie ien fan de grutste koper- en goudmynen fan 'e wrâld. De measte minsken op Bougainville libje fan 'e selsfoarsjennende lânbou en se ferbouwe kasaves, bananen, kokosnuten, yam en taro en der is ek fiskerij. Kakao wurdt in soad útfierd.

Ornithoptera victoriae.

Bougainville hat in oantal endemyske diersoarten om 't it eilân relatyf isolearre leit. In soad soarten binne noch net goed besturdearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: