Springe nei ynhâld

Botsauto

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Botsauto's)
Fideo fan in ritsje mei in botsauto

In botsauto is in bestjoerber, elektrysk weintsje mei trije tsjillen, foar meast twa persoanen, bedoeld om tsjin oaren oan te botsen. De botsauto's ride yn in spesjale romte mei in tintfoarmich dak en in metalen flier dy't omjûn is troch in stevige râne. It gehiel fan dy attraksje wurdt oantsjut mei de ynternasjonale fakterm autoscooter en is bedoeld as fermeits op in merke, mar wurdt yn de folksmûle meastal de botsautokes neamd. It earste oktroai foar in botsauto waard yn 1921 takend.

In botsauto wurdt oandreaun troch in elektromotor. Dy driuwt it foartsjil oan dat hielendal frij om syn fertikale as draaid wurde kin. Dit hat ta gefolch dat as de auto foarút rydt en it stjoer 180° draaid wurdt, der achterút riden wurde kin.

De enerzjyfoarsjenning kin fersoarge wurde troch in ynboude akku, mar komt meastal fan in horizontaal, heech boppe de flier spande metalen net, dêr't in positive spanning fan 70 oant 110 folt op stiet. In regelbere omfoarmer fan trijefasespanning makket it mooglik om de faasje fan de weintsjes te beynfloedzjen. De metalen flier is de retoerlieding foar de elektryske stroom. Dêrta makket in boarstelfoarmich metalen sleepkontakt ûnder de botsauto dêr permanint in elektryske ferbining mei.

De karrossery fan de weintsjes is fan polyester en rûnom befeilige troch in rubberen bân dy't de grutste skokken opfangt. Dy bân hat in binnenbân dy't mei likernôch twa hPa luchtdruk folle is. De weinen hawwe in feilichheidsgurdle foar lytse bern, omdat de faasje nettsjinsteande de lytse akseleraasje oprinne kin oant 16 kilometer yn'e oere.

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

botsauo's