Botniastate (Damwâld)

Ut Wikipedy

Botniastate, ek: Bottemastate, wie in state dy't ten westen fan Doniastate yn Dantumawâld, no Damwâld stie yn de gemeente Dantumadiel. Fan de state is neat erom te finen.

De state wurdt foar it earst neamd yn 1543. Yn 1431 wurdt in Juw Bottema neamd, dy't grytman fan Dantumadiel is. Oft hy wat mei Botniastate te krijen hân hat is ûndúdlik. Pas yn 1543 wurdt Bottema neamd yn it Benefysjaalboek. Yn 1621 keapje Abbe Frericks (Gabbema), dr. Theodorus Marssum en dr. Matthias van Vierssen en harren froulju de state 'Bottnia' mei wat der ta hearde lykas visscherye, swannejacht, den poort, graft ende cingell en twee hovingen van Atcke van Schonenburgh en haar twee kinderen. De state wie grif eigendom fan Worp (Ydtsma) fan Donia en fererve de State op syn pakesizzer Atcke fan Schonenburg, dy't troud wie mei Carel fan Esserden.

Matthias fan Viersen docht yn 1630 syn treddepart yn de state oer oan syn mei-eigeners. De oare twa eigeners ferkeapje de state dêrnei oan dr. Tiete fan Galema; de state wie doe 127 pûnsmiet en bewenne troch Foecke Rinnerts. Dy blykt neffens it stimkohier yn 1640 eigener te wêzen fan de twa stimmende hoarnlegers, wêrfan't ien oantsjutten wurdt as "'t corpus aan de wier". Dat sil it troch Schotanus tekene wier wêze beëasten Donia. In dochter fan Foecke Rinnerts ferkocht yn 1654 Botnia mei ûnder oare de grêft, de 'cingel' en it 'old en jong hoff' oan dr. Hâns fan Wikel yn ljouwert.

Yn 1698 is Tjaerd fan Aylva eigener en Godefidus Scheltinga's widdo de bewenster neffens it stimkohier. Hja hie yn 1694 de Doniastate ferkocht en har dêrnei ta wenjen setten op it lytsere Botnia.
Botnia soe dus in ôfsplitsing wêze fan Doniastate en mooglik binne beide huzen oan de (súdlike) wei troch de wâlddoarpen dan fuortkomd út it oarspronklike Oenema-guod dat noardlik fan dy wei stie. Ut de Atlas fan Schotanus docht bliken dat Botniastate ten westen fan Doniastate stie, troch syn beskriuwing as aadlike state mei boerehuzinge.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1431 Juw Bottema
  • Worp (Ydtsma) fan Donia
  • - 1621 Atcke fan Schonenburgh
  • 1621 Abbe Frericks (Gabbema), Theodorus Marssum en Matthias fan Vierssen
  • 1630 dr. Tiete fan Galema
  • ± 1640 Foecke Rinnerts
  • - 1654 in dochter fan Foecke Rinnerts
  • 1654 dr. Hans fan Wikel
  • 1698 Tjaerd fan Aylva

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Herma M. van den Berg - De Monumenten van Geschiedenis en Kunst, Noordelijk Oostergo, Dantumadeel, 1984, 254 siden.
  • Stinzen yn Fryslân