Kanielwoffer
| Kanielwoffer | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Botaurus cinnamomeus | ||||||||||||
| Gmelin, 1789 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
briedfûgel stânfûgel wintergast |
De kanielwoffer (Botaurus cinnamomeus, synonym: Ixobrychus cinnamomeus) is in Aziatyske fûgel út 'e famylje fan 'e reagerfûgels.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De kanielwoffer is in lytse reiddomp mei in lingte fan likernôch 38 sintimeter, ferlykber yn formaat mei syn nauwe sibben de Sineeske woffer en de brune woffer. It mantsje hat in frij effen kanielbrún fearrekleed en yn 'e flecht binne de wjukken ek kanielbrún, oars as de swarte wjukfearren fan 'e oare twa soarten.
De ferskillen tusken it mantsje en it wyfke binne net grut. It wyfke is ornaris bruner fan kleur en hat mear streken en plakken yn it fearrekleed, benammen op it boarst en op 'e ûnderkant. Jonge fûgels lykje yn harren tekening mear op it wyfke.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kanielwoffer komt foar yn súdlik en súd-eastlik Aazje, fan Yndia en Sry Lanka oer Yndoneezje oant yn Sina. Yn syn tropyske ferspriedingsgebiet is it in stânfûgel. De populaasjes yn noardlik Sina binne trekfûgels. Syn foarkarsbiotoop bestiet út wiete gebieten dy't mei ticht reid begroeid binne.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It iten fan 'e kanielwoffer bestiet út lytse fiskjes, kikkerts, weakdieren en ynsekten. De fûgel is meast by it skimerjen aktyf en briedt yn lytse groepen. It nêst bestiet út twigen en gers en wurdt yn tichte reidfjilden of yn strûken of beammen boud. It leit op 'e grûn of oant 1 meter dêrboppe. Der wurde trije oant fiif aaien útbret.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt bedrige troch ferlies oan wiete gebieten mei tichte reidseames yn syn ferspriedingsgebiet troch bygelyks wetterbehear, it drûchlizzen fan sompen, stedsútwreidingen of wetterbehear. Fierder fersteure minsklike aktiviteiten de fûgel yn syn habitat. Dêrfoaroer hat de fûgel in ferspriedingsgebiet en alhoewol't de trend net bekend is, klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (LC) op 'e Reade List.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Reiddomp
- Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Brûnei
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn de Maldiven
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn East-Timor
- Lânseigen fauna yn Fjetnam

