Springe nei ynhâld

Boskrâne

Ut Wikipedy
In boskrâne yn Brandenburch.

In boskrâne, boskseame of wâldsigge is de oergong tusken in bosk en it omlizzende, mear iepen gebiet. By dat iepen gebiet kin it gean om oare natoerlânskippen, lykas savanne of steppe, mar ek om kultuerlân, lykas greiden of ikkers. Beskate soarten planten en bisten hawwe har spesjaal oanpast om te libjen yn 'e oergongssône tusken bosk en iepen lân. Sokke soarten binne minsken faak bekender mei as mei soarten dy't inkeld djipper yn 'e bosk foarkomme.

Boskrânen foarmje in selsstannich biotoop, mei't se net inkeld oare floara en fauna hawwe as bosken en iepen gebieten, mar ek in oar grûntype. In protte gruttere herbivoaren, lykas harteftigen, jouwe de foarkar oan boskrânen boppe de bosk sels, om't se oan 'e boskrâne sawol iepen lân hawwe om te beweidzjen, as de beskerming fan 'e beammen dêr't se hinne flechtsje kinne yn gefal fan ûnrie. Legere planten, lykas strewellen en toarnbeibosken, jouwe ek de foarkar oan boskrânen, om't se dêr mear direkt sinneljocht hawwe as yn 'e bosk, dêr't it blêdetek fan 'e beammen it meastepart fan it direkte ljocht keart.

Wat stadiger de oergong fan iepen lân nei bosk is, mei opgeande grûnfegetaasje, strewellen en jonge beamkes, wat mear foardiel de bosk derfan hat. Soks komt foar dat by stoarm de wyn fansiden ûnder it blêdetek waaie en hiele beammen ûntwoartelje kin.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.