Bosknachtreagers
| Bosknachtreagers | ||
| Gorsachius goisagi | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | pilekaaneftigen (Pelecaniformes) | |
| famylje: | reagerfûgels (Ardeidae) | |
| skaai | bosknachtreagers (Gorsachius) | |
| Bonaparte, 1855 | ||
Bosknachtreagers (Gorsachius) foarmje in fûgelskaai fan twa soarten út de famylje reagerfûgels (Ardeidae).
Beide soarten binne relatyf lytse, knobske reagers mei in koarte, tsjokke snaffel en koarte poaten. Se hawwe foar it grutste part brune oant kastanjebrune kleuren mei in opfallende donkere streek dy't fan 'e kiel oer de midden fan it boarst rint. Beide soarten hawwe in faak swarte kroan en in túf, dy't opset wurde kin.
It binne tige skrutene fûgels dy't benammen by it skimerjen of nachts aktyf binne. Se wurde dêrom selden sjoen. De fûgels yn it skaaie briede solitêr en net yn koloanjes yn tichte bosken.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De nachtreagers yn it skaai waarden eartiids yn it skaai Nycticorax set, mar hjoed-de-dei beskôgje alle wichtige autoriteiten se as in aparte skaai.
Genetysk ûndersyk hat okkerdeis laat ta oanpassingen yn it skaai. Twa soarten dy't foarhinne ta it skaai rekkene waarden, binne ferhûze nei elts in eigen monotypysk skaai: de wytearnachtreager stiet no yn it skaai Oroanassa en de wytrêchnachtreager stiet no yn it skaai Calherodius.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding | Status/ Trend |
|---|---|---|---|---|
| Japanske nachtreager | Gorsachius goisagi | Japan, Sina, Filipinen | kwetsber | |
| Yndyske nachtreager | Gorsachius melanolophus | Súdeast-Aazje | net bedrige/ ûnbekend[2] |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
