Springe nei ynhâld

Boskiisfûgels

Ut Wikipedy
Boskiisfûgels
Actenoides monachus
Actenoides monachus
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
skift:rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje:iisfûgels (Alcedinidae)
ûnderfamylje:beamiisfûgels (Halcyoninae)
skaai:boskiisfûgels (Actenoides)
Bonaparte, 1850
Soarten
Actenoides bougainvillei
Actenoides concretus
Actenoides hombroni
Actenoides lindsayi
Actenoides monachus
Actenoides princeps

De boskiisfûgels (Actenoides) foarmje in fûgelskaai út de famylje fan 'e iisfûgels (Alcedinidae). De wittenskiplike namme fan it skaai waard yn 1850 foar it earst troch Bonaparte publisearre.

Boskiisfûgels komme yn 'e tichte begroeiïng fan reinwâlden fan Súdeast-Aazje, de Filipinen en Yndoneezje foar en de measte soarten binne endemysk. Se libje meast solitêr of yn pearkes en binne net sa faak by wetter te finen as oare iisfûgels.

Fan alle soarten yn it skaai nimme de oantallen troch biotoopferlies ôf, mar measte soarten ha noch net de status fan bedrige.

Boskiisfûgels ite fisk, ynsekten, reptilen en lytse wringedieren.

Faak ha boskiisfûgels felle kleuren yn 'e kombinaasjes grien, blau, rustbrún en wyt.

Boskiisfûgels
OfbyldWittenskiplike nammeFryske nammeFerspriedingStatus (trend)
Actenoides bougainvillei SalomonsboskiisfûgelSalomonseilannennet bedrige (↓)
Actenoides concretusMaleiske boskiisfûgelMaleizje, Yndoneezjehast bedrige (↓)
Actenoides hombroniMindanaoboskiisfûgelFilipinennet bedrige (↓)
Actenoides lindsayi LuzonboskiisfûgelFilipinennet bedrige (↓)
Actenoides monachusBlaukopboskiisfûgelYndoneezjenet bedrige (↓)
Actenoides princepsStreekkopboskiisfûgelYndoneezjenet bedrige (↓)
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Boskiisfûgels fan Wikimedia Commons.