Boskgoars
| boskgoars | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje Wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Emberiza godlewskii | ||||||||||||
| Pallas, 1776 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De boskgoars (Emberiza rustica) is in goars út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae), dy't yn West-Europa as swalker foarkomt.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De boskgoars is fan 'e punt fan 'e snaffel oant de úteinen fan 'e brún-swarte sturt 14,5 sintimeter lang en weaget yn it briedseizoen tusken de 17 en 22 gram. De soarte is dêrmei likernôch like grut as de reidmosk. Hy is fan dy soarte te ûnderskieden oan 'e rôze poatsjes en de ûnderste snaffelhelte, dy't by de reidmosk griis binne.
De boppekant fan 'e kop en de earstreek binne swart, mar winterdeis wat brúnich. It kin, de kiel en de wynbraustreek binne wyt. De ûnderkant is wyt, mei op it boarst ûnregelmjittige rustbrune bannen en bûnte siden. Op 'e wjukken sitte twa ûndúdlike dwersbannen. Op 'e bûtenste sturtfearren sit in soad wyt.
Fersprieding en biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte briedt yn 'e Euraziatyske taiga, fan Finlân eastlik oant yn Sibearje. De boskgoars oerwinteret yn Súdeast-Aazje, Japan en it easten fan Sina, dêr't er yn iepen bosken en op iepen terreinen foarkomt.
Under de trek wurdt de soarte geregeld op 'e Aleoeten waarnommen en út en troch oan 'e westkust fan Noard-Amearika, oant yn Kalifornje. De boskgoars briedt yn nullebosken, op of flak boppe de grûn yn 'e ûnderbegroeiïng, faak yn 'e neite fan wetter.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It nêst bestiet út in komfoarmich bouwurkje fan moas en gers, dat beklaaid is mei finer materiaal, lykas hier. It lechsel bestiet út fjouwer of fiif bleekblauwe of bleekgriene aaien mei donkerder plakken, dy't likernôch 20 millimeter lang binne. De aaien wurde yn sa'n tolve dagen troch it wyfke útbret, wêrnei't de jongen noch likernôch twa wiken troch beide âlden fersoarge wurde.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De boskgoars is yn Nederlân in swalker dy't mei út en troch waarnommen wurdt troch fûgelringers fongen wurdt. Oant 2008 wiene der 76 befêstige waarnimmingen bekend; sûnt dy tiid wurdt it tal net mear byholden.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De boskgoars hat in grut ferspriedingsgebiet en dêrtroch is de kâns dat de soarte de status bedrige kriget lyts. De grutte fan 'e populaasje waard yn 2021 rûsd op 4,2 oant 8,2 miljoen yndividuën.
Tusken 1980 en 2010 naam de populaasje sterk ôf, en der wurdt oannommen dat dy efterútgong yn in leger tempo trochsette sil. Om dy redenen stiet de boskgoars as gefoelich (Near Threatened, NT) op 'e Reade List fan 'e IUCN.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Goars
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Sweden
