Boskflier

De boskflier of wâldflier is de grûn yn in bosk of wâld. It is it diel fan it ekosysteem dat de ferbining foarmet tusken it boppegrûnske, libbene diel fan it wâld en it ûndergrûnske, minerale diel. It bestiet foar it meastepart út dead en fergeand plantemateriaal, lykas ôffallen blêden en ferrotsjend hout. De boskflier is it habitat foar in grut bioferskaat, dat benammen bestiet út lidpoatigen lykas ynsekten, spinnen, tûzenpoaten en stienkrobben, mar ek út wjirms, slakken en oar wringeleas dierte, skimmels, algen en baktearjes.
As brêge tusken de libbene fegetaasje boppe de grûn en de fiedende grûn sels is de boskflier in ûnderdiel fan in wâld dat fan krúsjaal belang is foar de oerdracht fan fiedingsstoffen fia de biogemyske syklus. De lagen fergeand plantaardich materiaal op 'e boskflier geane fierders eroazje tsjin en hâlde focht fêst. It grutste part fan 'e koalstofopslach en biomassaproduksje fan in wâld fynt plak ûnder de grûn. Nettsjinsteande dat wurdt it ûndergrûnske part fan it wâldekosysteem by it dwaan fan wittenskiplik ûndersyk en it trochfieren fan natoerbeskermingsmaatregels faak oer de holle sjoen.
In grut diel fan 'e enerzjy en de koalstof dy't troch wâlden fêstholden wurdt, sit op elts willekeurich stuit yn 'e foarm fan ôffallen blêden yn 'e boskflier (ynstee fan yn 'e libbene beammen). Oarsom wurdt in oansjenlik part fan it ferlet oan fiedingsstoffen fan wâldekosystemen oanlevere troch de ferrotting fan organysk materiaal op en yn 'e boskflier. De ornaris leechachte organismen dy't by it rottingsproses belutsen binne, lykas wjirms, lidpoatigen en skimmels, hearre ta de wichtichste libbene wêzens yn in wâld, om't se nedich binne foar de transformaasje fan dead organysk materiaal ta opnimbere fiedingsstoffen. As sokke organismen der net wiene, soe in wâld ienfâldichwei net bestean kinne.
Der bestiet fariaasje op it mêd fan 'e boskflier tusken ferskillende soarten wâlden. Yn nullewâlden, dy't benammen yn kâldere klimaten foarkomme op hegere (en legere) breedtegraden en yn berchtmen, giet it ferrottingsproses op 'e boskflier tige stadich. Behalven de lege temperatueren is ek de gearstalling fan it organysk materiaal dêr debet oan, mei't nullen op harsels ek al minder fluch fergeane as blêden. Yn tuskenbeiden leafwâlden bestiet de boskflier út trije dúdlik ûnderskate lagen. De boppeste laach bestiet út ûnderskiedbere ôffallen blêden. Dêrûnder sit in laach darch: in soarte fan swarte drek wêryn't gjin ôfsûnderlike plantedielen mear besteane. En dêr wer ûnder sit de eigentlike grûn, dy't yn sokke wâlden bestiet út humus (ta drûge grûn wurden plantedielen).
Yn tropyske reinwâlden befettet de grûn oer it algemien mar in hiel lyts bytsje fiedingsstoffen en is dêrom ûnfruchtber. Dat komt om't der yn 'e tropen gjin jiertiden binne sa't dy op hegere en legere breedtegraden besteane. Mei oare wurden: hjerstmis hâlde beammen yn tropyske reinwâlden gewoan har blêdte fêst. Dêrtroch is de laach rotsjend organysk materiaal op 'e boskflier fan tropyske reinwâlden tige tin. Ek wurdt wat der al leit, hiel fluch ferwurke troch termiten, eamels, miljoenpoaten en oare organismen, dy't yn 'e tropen folle mear foarkomme en, op jierbasis besjoen, ek folle aktiver binne as op hegere en legere breedtegraden. Oars as yn tuskenbeiden wâlden wol der op 'e boskflier fan tropyske reinwâlden ek frijwol neat groeie, mei't dy dêr fan sinneljocht ôfskerme wurdt troch mar leafst trije ûnderskate opienfolgjende lagen fan blêdetek. Mar 2% fan it sinneljocht berikt sadwaande yn 'e tropen de boskflier.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
