Springe nei ynhâld

Borneogoudkat

Ut Wikipedy
Borneogoudkat
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftrôfdieren (Carnivora)
famyljekateftigen (Felidae)
skaaigoudkatten (Catopuma)
soarte
Catopuma badia
Gray, 1874
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet

De Borneogoudkat (wittenskiplike namme: Catopuma badia) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e goudkatten (Catopuma). Dit bist komt foar yn 'e binnenlannen fan Borneo (dêrfandinne de namme). It is in lytse, relatyf seldsume kateftige, dy't oerdeis aktyf is en in karnivoar dieet hat. De IUCN klassifisearret de Borneogoudkat as bedrige.

De Borneogoudkat waard yn 1874 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske soölooch John Edward Gray, op basis fan in hûd en plasse dy't yn 1856 yn Sarawak sammele wiene troch de Ingelske biolooch en geograaf Alfred Russel Wallace. Dy wiene doe al hast tweintich jier trochgien foar spesimina fan in jong fan 'e Aziatyske goudkat (Catopuma temminckii). Gray pleatste de Borneogoudkat yn it skaai Felis. Tsjintwurdich bestiet dat út 'e wylde katten, mar yn 'e njoggentjinde iuw waard it noch brûkt as in soartemint sammelbak foar alle kateftigen. De Ingelske taksonoom Reginald Innes Pocock yntrodusearre foar de Borneogoudkat yn 1932 it monotypyske skaai Badiofelis, mar yn 1978 waard dit bist yn it skaai fan 'e goudkatten (Catopuma) pleatst.

De sustersoarte fan 'e Borneogoudkat is de Aziatyske goudkat, dy't foarkomt op it eilân Sumatra en op it fêstelân fan Súdeast-Aazje. Justjes minder nau oan harren besibbe is de moarmerkat (Pardofelis marmorata), dy't rûchwei deselde fersprieding hat as de Aziatyske goudkat. De nauwe besibskip fan dy trije soarten soarge derfoar dat de Borneogoudkat en de Aziatyske goudkat yn 2006 yn it skaai fan 'e moarmerkatten (Pardofelis) yndield waarden. Letter ûndersyk brocht lykwols oan it ljocht dat de beide soarten goudkatten in dúdlik neiere besibskip dielden as dat se hiene mei de moarmerkat. Dêrom waard yn 2016 besletten it skaai fan 'e goudkatten te rehabilitearjen.

In morfologyske en genetyske analyze út 1999 brocht oan it ljocht dat de lêste mienskiplike foarâlder fan 'e Borneogoudkat en de Aziatyske goudkat 5,3–4,9 miljoen jier lyn libbe hawwe moat. Dat betsjut dat de beide soarten útinoar gien binne lang foar't it eilân Borneo him geologysk ôfspjalte fan it Aziatyske fêstelân.

De Borneogoudkat is endemysk op Borneo, it grutste eilân fan 'e Yndyske Arsjipel. It is opspjalten yn in Yndonezysk diel (Kalimantan) yn it suden en easten, in Maleizysk diel (besteande út 'e dielsteaten Sabah en Sarawak) yn it noarden en noardwesten, en it ûnôfhinklike sultanaat Brûnei oan 'e noardwestkust. De fersprieding fan 'e Borneogoudkat is beheind ta de binnenlannen fan it eilân. De measte resinte waarnimmings komme út Sabah en Kalimantan. Yn Sarawak liket de Borneogoudkat seldsum wurden te wêzen. Yn Brûnei komt er amper noch foar.

In yllustraasje fan in Borneogoudkat.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Borneogoudkat is in lytseftige kat mei in kop-romplingte fan 49,5–67,0 sm en in sturtlingte fan 30,0–40,3 sm. It gewicht wurdt rûsd op 3–4 kg. Dêrby moat oantekene wurde dat tusken 1874 en 2004 mar 12 eksimplaren opmetten binne, wat eins te min is om ta goede gemiddelden te kommen. Dizze sifers binne dus net folslein betrouber. De sturt is lang yn ferhâlding ta it lichem, en wurdt neigeraden dat men tichter by de punt komt almar finer. De kop is relatyf lyts en rûn.

De pels fan 'e Borneogoudkat hat op 'e kop, nekke, rêch, siden, heupen, sturt en de bûtenkant fan 'e poaten in kastanjebrune kleur, dy't it felst is op 'e poaten en de sturt. De ûnderste lichemsdielen (kin, kiel, boarst, bealch en de binnenkant fan 'e poaten) binne witich. Oer de ûnderkant fan 'e sturt rint yn 'e midden in wite streek dy't nei de útein ta hieltyd breder en feller wyt wurdt. De sturtpunt is swart. De earen binne earder rûn fan foarm as trijehoekich (lykas by de hûskat), en binne op 'e bûtenkant begroeid mei koart swart-brunich hier.

De Borneogoudkat libbet yn wâldbiotopen, fan mangrovesompen by de iggen fan rivieren lâns oant de berchwâlden yn it Ibanberchtme en op 'e skeanten fan 'e berch de Kinabalu. Yn berchtmen komt dit bist foar oant op in hichte fan teminsten 500 m boppe seenivo, en ien ûnbefêstige waarnimming wie op in hichte fan 1.800 m. In betingst foar de oanwêzigens fan Borneogoudkatten yn in krite liket de neite fan oerflaktewetter te wêzen. Sekundêr wâld en plantaazjes wurde mijd.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Borneogoudkatten, alteast dejingen dêr't ûndersyk nei dien is yn Sabah en Sarawak, binne deidieren mei hichtepunten yn harren aktiviteit yn 'e twadde helte fan 'e moarn en yn 'e iere middei. By in jachtekspedysje yn Sarawak waard in Borneogoudkat waarnommen dy't op in tûke lei, likernôch 1 m fan 'e grûn ôf, deunby in rivier. It mei oannommen wurde dat Borneogoudkatten, lykas oare lytse katten, goed klimme kinne, mar dochs lykje se ornaris op 'e wâldflier te libjen.

De Borneogoudkat is sa'n seldsum en skou bist, dat fierders neat bekend is oer it hâlden en dragen. Dêrom kin bygelyks neat sein wurde oer it fuortplantingsproses fan dizze soarte.

In satellytfoto fan Borneo dy't de reek sjen lit fan boskbrannen dy't oanstutsen binne om lân frij te meitsjen foar lânbougrûn.

Hoewol't it trochhinne dúdlik is dat de Borneogoudkat in karnivoar is, kin neat mei wissichheid sein wurde oer wat krekt syn proaidieren binne. Nei alle gedachten sille dat oer it algemien lytse sûchdieren wêze, lykas kjifdieren en miskien pipermûzen, mooglik oanfolle mei fûgels en hagedissen.

De Borneogoudkat hat de IUCN-status fan "bedrige", om't dizze soarte folle seldsumer is as oare lytse katten út 'e Yndyske Arsjipel. Der wurdt skatten dat de totale wrâldpopulaasje minder as 2.500 folwoeksen eksimplaren omfiemet.

De grutste swierrichheden dêr't de Borneogoudkat mei te krijen hat, wurde foarme troch habitatferlies feroarsake troch ûntbosking. Driuwfearen dêrfoar binne sawol de kommersjele houtkap foar de hout- en papieryndustry, as it frijmeitsjen fan grûn om grutte palmoaljeplantaazjes op oan te lizzen. Borneo hat ien fan 'e heechste ûntboskingstempo's fan 'e wrâld; yn 'e midden fan 'e 1980-er jierren waard it eilân noch foar 75% mei reinwâld oerdutsen, mar tsjin 2005 wie dat sifer sakke nei 52%.

Streuperij foar de yllegale hannel yn bisten spilet ek in rol by de efterútgong fan 'e Borneogoudkat. De soarte is dêrom opnommen yn Taheakke II fan it CITES-ferdrach, dat it near leit op 'e ynternasjonale hannel yn (dielen fan) 'e beskreaune bisten.

De Borneogoudkat is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.