Boppewynske Eilannen (Genoatskipseilannen)
| Boppewynske Eilannen | ||
| It eilân Mo‘orea. | ||
| polityk | ||
| soarte gebiet | eilannegroep | |
| lân | ||
| oerseesk gebiet | ||
| haadplak | Papeete | |
| grutste plak | Fa‘a‘ā | |
| heechste punt | Orohena (2.241 m) | |
| tal eilannen | 5 | |
| wichtichste eil. | Tahity, Mo‘orea | |
| sifers | ||
| ynwennertal | 209.980 (2022) | |
| oerflak | 1.195 km² | |
| befolkingstichtens | 175,7 / km² | |
| oar | ||
| tiidsône | UTC –10.00 | |
| simmertiid | gjint | |
| koördinaten | 17°32′ S 149°34′ W | |
| kaart | ||
Lizzing fan 'e Boppewynske Eilannen yn Frânsk-Polyneezje. | ||
Net te betiizjen mei de Boppewynske Eilannen yn it Karibysk Gebiet.
De Boppewynske Eilannen (Frânsk: Îles du Vent, útspr.: [il dy ˈvɔ̃]) foarmje de eastlike helte fan 'e Genoatskipseilannen, in arsjipel yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. De eilannen hearre ta Frânsk-Polyneezje, in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk. It bekendste eilân fan 'e Boppewynske Eilannen is Tahity, dêr't Papeete leit, de haadstêd fan Frânsk-Polyneezje.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Boppewynske Eilannen foarmje rûchwei de eastlike helte fan 'e Genoatskipseilannen, in arsjipel yn 'e Stille Súdsee, dy't geografysk ta Polyneezje heart. Bestjoerlik falle de Boppewynske Eilannen ûnder Frânsk-Polyneezje, dat in oerseeske kollektiviteit fan Frankryk is. De eilannen lizze westlik fan 'e Tûamotû-eilannen en noardlik fan 'e Australeilannen (twa oare eilannegroepen dy't ta Frânsk-Polyneezje hearre), eastlik fan 'e Underwynske Eilannen en súdlik fan 'e Line-eilannen (in diel fan Kiribaty).
De Boppewynske Eilannen hawwe in lânoerflak fan 1.195 km². Der binne yn totaal 5 eilannen, wêrûnder 4 hege, fulkanyske eilannen en 1 atol (Teti‘aroa). Fan it noardwesten nei it súdeasten binne dat:

Fierwei it grutste en bekendste eilân fan 'e groep is Tahity, dêr't Papeete, de haadstêd fan Frânsk-Polyneezje leit, en ek it heechste punt fan it hiele oerseeske gebietsdiel, de berch de Orohena, mei in hichte fan 2.241 m boppe seenivo.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Boppewynske Eilannen waarden yn it earste milennium fan 'e Westerske jiertelling kolonisearre troch Polynezyske seefarders.
De earste Westerling dy't de eilannen oandie, wie nei alle gedachten de Ingelsman Samuel Wallis, dy't yn 1767 mei syn skip de HMS Dolphin op Tahity lâne. Yn 1768 waard Tahity op 'e nij troch Jeropeänen besocht; diskear troch de Frânske ekspedysje fan 'e ealman Louis Antoine de Bougainville. Wer in jier letter, yn 1769, arrivearre by itselde eilân in Britske ekspedysje ûnder lieding fan James Cook. Dyselde soe noch twaris nei it eilân weromkeare, yn 1773 en yn 1777, foar't er yn dat lêste jier fermoarde waard by de ûntdekking fan Hawaï. Yn dyselde snuorje besocht Spanje fanút syn koloanje Perû in permaninte delsetting op Tahity te fêstigjen, mar dat mislearre.
Oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw ferskynden de earste Westerske sindelingen op 'e Boppewynske Eilannen. Leden fan it kalvinistyske Londensk Misjonêr Genoatskip (LMS), setten har yn 1797 permanint del op Tahity. Yn dy tiid foarmen de Boppewynske Eilannen bestjoerlik it lânseigen Keninkryk Tahity. Troch ynterne rebûlje moast kening Pōmare II yn 1803 de wyk nimme nei Mo‘orea. Troch syn ferswakke politike sitewaasje stied er mear iepen foar stipe wêr't er dy ek mar krije koe, en yn 1812 liet er him troch sindelingen fan it LMS dope.
Frânske roomske misjonarissen arrivearren pas yn 1834 op Tahity, doe't it protestantisme dêr al stevich fêstige wie. Doe't de misjonarissen yn 1836 fan it eilân ferdreaun waarden, stjoerde Frankryk om ferhaal te heljen in kanonnearboat. Om te bewissigjen dat roomske misjonarissen talitten wurde soene, naam Frankryk yn 1842 it Keninkryk Tahity yn besit. Yn namme waarden de Boppewynske Eilannen in protektoraat, mar yn 'e praktyk waard it in koloanje dêr't de keninginne en har regear inkeld noch dulde waarden en gjin selsstannige besluten mear nimme koene. Unfrede oer dy sitewaasje late ta de Frânsk-Tahitiaanske Oarloch fan 1844–1847, wêrby't de Frânsen mei moderne wapens it ferset fan 'e lânseigen befolking yn bloed smoarden.
Yn 1843 waard oan 'e noardwestkust fan Tahity Papeete stifte, dêr't it Frânske koloniale bestjoer residearre en dat neitiid de haadstêd fan Frânsk-Polyneezje wurde soe. Yn 1914, oan it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch, waard Papeete by it saneamde Bombardemint fan Papeete besketten troch Dútske marineskippen. Dêrby kamen ferskate ynwenners om en waard gâns skea oanrjochte. Nei ôfrîn fan 'e Twadde Wrâldoarloch waard Frânsk-Polyneezje yn 1946 ûnder de grûnwet fan 'e Frânske Fjirde Republyk omfoarme fan in koloanje ta in oerseesk territoarium. Dat betsjutte dat alle bewenners fan 'e Boppewynske Eilannen de Frânske nasjonaliteit krigen en steatsboargers fan Frankryk waarden mei alle rjochten dy't dêrmei mank giene, lykas it stimrjocht yn Frânske ferkiezings.

Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Boppewynske Eilannen foarmje in 'bestjoerlike ûnderferdieling' (Frânsk: subdivision administrative) fan Frânsk-Polyneezje. It regionaal bestjoer is fêstige yn Papeete op it eilân Tahity. De eilannen binne fierder ûnderferdield yn 13 gemeenten (communes).
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2022 hiene de Underwynske Eilannen doe 209.980 ynwenners. De befolkingstichtens bedroech 175,7 minsken de km². It grutste plak wie Papeete, op Tahity, dat as stêdekloft yn 2017 in befolking hie fan 137.000 minsken. De stêdekloft is lykwols opdield yn in stikmannich gemeenten, wêrfan't de grutste net Papeete sels is, mar de foarstêd Fa‘a‘ā, dêr't yn 2022 krapoan 30.000 minsken wennen.
Etnysk bestiet fierwei it grutste part fan 'e befolking fan 'e Boppewynske Eilannen út lânseigen Polyneezjers, hoewol't benammen yn Papeete ek oansjenlike etnysk Frânske en Sineeske minderheden wenje. De lânseigen Polynezyske befolking fan 'e Genoatskipseilannen bestiet út ien etnyske groep dy't nei it wichtichste eilân oantsjut wurdt as de Tahitianen. Harren taal is it Tahitiaansk, dat ta de Polynezyske taalkloft heart. In protte Tahitianen hawwe tsjintwurdich lykwols it Frânsk as memmetaal, dat yn Frânsk-Polyneezje de iennichste offisjele taal is.
Yn religieus opsjoch bestiet it meastepart fan 'e befolking fan 'e Boppewynske Eilannen út protestantske kristenen, mei in oansjenlik roomske minderheid dy't likernôch 40% fan 'e befolking útmakket.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
