Springe nei ynhâld

Boom, Boom, Boom, Boom!!

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Boom Boom Boom Boom!!)
Boom, Boom, Boom, Boom!!
algemiene ynformaasje
artystVengaboys
albumThe Party Album
taalIngelsk
sjenredance
útbrocht23 oktober 1998
opnommen1998
doer3:21
labelBreakin' Records
skriuwerBenny Andersson
Wessel van Diepen
Dennis van den Driesschen
Björn Ulvaeus
produsintWessel van Diepen
Dennis van den Driesschen
fideoclip
Vengaboys - Boom, Boom, Boom, Boom!!
resultaten
hitlistenflagge fan Belgje: 1 (Ultratop 50)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân: 1 (UK Singles)
flagge fan Kanada : 1
flagge fan Nederlân: 1 (Top 40)
flagge fan Nij-Seelân: 1
flagge fan Noarwegen:  1
Flagge fan Skotlân, yn Grut-Brittanje: 1
Flagge fan Sweden: 1 (Sverigetopplistan)
sertifisearre Nederlân: 2× platina
Austraalje: platina
Dútslân: goud
Grut-Brittanje: goud

Boom, Boom, Boom, Boom!! is in liet fan 'e Nederlânske dance-groep Vengaboys. It waard útbrocht op 23 oktober 1998 en berikte it earste plak op 'e hitlisten yn acht lannen. Yn 'e mande mei We Like to Party! en We're Going to Ibiza wie it ien fan 'e grutste hits fan 'e groep.

Boom, Boom, Boom, Boom!! waard yn 1998 skreaun en komponearre troch de Nederlânske discjockeys en muzykprodusinten Wessel van Diepen en Dennis van den Driesschen, yn gearwurking mei de Sweedske âld-ABBA-leden Benny Andersson en Björn Ulvaeus. De tekst wie heal basearre op it ABBA-nûmer Lay All Your Love on Me, dat yn 1980 skreaun wie troch Andersson en Ulvaeus.

It nûmer makke diel út fan 'e cd The Party Album, fan de Nederlânske dance-groep Vengaboys, besteande út Kim Sasabone, Denise van Rijswijk, Robin Pors en Roy den Burger. Boom, Boom, Boom, Boom!! waard yn juny 1999 as single útbrocht. It waard in grutte hit, en berikte it earste plak op de hitlisten yn Nederlân, Belgje, Ingelân, Kanada, Nij-Seelân, Noarwegen, Skotlân en Sweden. Yn Austraalje bleau it stykjen op it twadde plak, yn Itaalje op it trêde plak en yn Denemark en Frankryk op it fjirde plak. Yn 'e Feriene Steaten kaam it nea heger as in 84e plak yn 'e algemiene hitparade en it trettjinde plak yn de dance-hitlist. Mei Boom, Boom, Boom, Boom!! behellen de Vengaboys yn Dútslân en Grut-Brittanje in gouden plaat en yn Austraalje in platina plaat. Yn Nederlân waard de single sels twa kear platina.

De grutste pluspunten fan Boom, Boom, Boom, Boom!! wiene de oanstekkende meldij en it opswypkjende ritme. Fan in djipsinnige tekst moast it liet it perfoarst net hawwe. It wie dúdlik bedoeld as partysong, dêr't net tefolle oer neitocht wurde moast. Lykwols krige it krekt op it punt fan 'e tekst in protte krityk te ferduorjen fan 'e muzykresinsinten. Sa krige Boom, Boom, Boom, Boom!! it fyfde plak taparte yn 'e list mei 'alderminste simmerlieten ea', dy't yn 2000 gearstald waard troch de Britske dj Tony Blackburn yn gearwurking mei Bol.com. It liket derop dat in protte minsken har net yn dy beoardieling fine koene, want doe't de Britske meubelwinkel DFS it liet yn 2001 yn in reklamekampanje brûkte, skeaten de ferkeapsifers mei 10% omheech.

Boom, Boom, Boom, Boom!! yn de Nederlânske Top 40 - op: 31-10-1998
Wike 010203040506070809101112131415161718192021222324
Nûmer 8 3 3 1 1 1 1 2 3 3 4 6 8 10 13 13 13 13 18 22 27 33 38 40 út
Boom, Boom, Boom, Boom!! yn de Nederlânske Single Top 100 - op: 24-10-1998
Wike 01020304050607080910111213141516171819202122232425262728293031323334
Nûmer 39 4 2 2 1 1 1 1 2 3 3 4 4 8 9 12 12 11 13 18 21 27 37 34 34 37 40 46 48 50 64 73 72 81 út
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.