Springe nei ynhâld

Bookspan

Ut Wikipedy
Bookspan LLC
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor boekhannel
haadkertier New York (New York)
oprjochte 2000
mem Pride Tree Holdings
offisjele webside
www.bookspan.com

Bookspan, offisjeel Bookspan LLC, is in Amerikaanske online-boekhannel dy't fêstige is yn New York.

It bedriuw waard oprjochte yn 2000, as in joint venture tusken Bertelsmann en Time Warner. Yn 2007 naam Bertelsmann it belang fan Time Warner oer, sadat Bookspan in folsleine dochterûndernimming fan dat Dútske concern waard. In jier letter, yn 2008, ferkocht Bertelsmann Bookspan oan Najafi Companies, in ynvestearringsbedriuw út 'e Amerikaanske steat Arizona. Najafi Companies brocht Bookspan ûnder by syn eigen dochterûndernimming Direct Brands, dêr't ek plateklub Columbia House diel fan útmakke. Yn 2013 waard Direct Brands troch Najafi ferkocht oan Pride Tree Holdings, in holding út New York op it mêd fan media en konsumintetechnology, dy't yn 2012 oprjochte wie.

Bookspan omfiemet in stikmannich boekeklubs en koartingprogramma's, wêrfan't guon ek eigen publikaasjes (benammen omnibusedysjes fan romansearjes) op 'e merk bringe. Anno 2017 binne dat:

  • Crafter's Choice
  • Crossings Book Club
  • Doubleday Book Club
  • The Good Cook
  • History Book Club
  • The Literary Guild
  • Mystery Guild
  • Science Fiction Book Club

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.