Springe nei ynhâld

Bonjour tristesse

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer literatuer.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Filmposter foar Bonjour Tristesse yn 1958.

Bonjour tristesse (Frânsk, lykernôch "Goendei fertriet") is in roman fan de Frânske skriuwster Françoise Sagan út 1954, útjûn troch Éditions Julliard yn Parys. It is in ferhaal yn twa bannen, mar der is nea in Fryske ferzje fan útbrocht.

Cécile, út Parys bringt de simmer fan har santjinde jier troch oan 'e Côte d'Azur mei har heit fan fjirtich, Raymond, en syn leafste fan dat stuit, Elsa. Raymond behannelet syn dochter lykwols net as tienerbern, mar as noch in folwoeksene mear. As der dan perslot in serieuze houlikspartner, Anne, foarby komt, spylje beide oare froulju dêrtsjin yn, mei in minne ôfrin.

Heit en dochter geane úteinlik werom nei har lege libbentsje sa't it wie foardat Anne harren simmer fersteurde.