Bonifatiustsjerke (Koarnwert)

Ut Wikipedy
Bonifatiustsjerke
Lokaasje
provinsje flagge fan Fryslân Fryslân
adres Doarpswei 5
koördinaten 53° 4' N, 5° 23' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Bonifatius
status net mear yn gebrûk as tsjerke
Arsjitektuer
boujier 13e iuw; toer: 1898
boustyl Eklektisisme; neorenêssânse
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 352026
Webside
Stifting Tsjerke en Toer Koarnwerd
Kaart
Bonifatiustsjerke (Fryslân)
Bonifatiustsjerke

De Bonifatiustsjerke is in tsjerkegebou oan 'e Doarpswei yn Koarnwert.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fragmint sakramintshûs (15e iuw)

De tsjerke fan Koarnwert is âlder dan dat er op it earste each liket. It gebou datearret út 'e 13e iuw en ferlear yn 1510 en 1580 it oarspronklike oansjen. Yn 1740 folge noch in ferbouwing, mar it âlde muorrewurk mei de goatyske ramen ferdwûn pas yn 1916 efter in nije ommanteling. De âlde midsiuwske toer út 1400 wie oant 1898 noch oanwêzich. Bewarre ôfbylden litte in swiere toer mei sealtek sjen en rûnbôgige gibbegatten. Nei de ôfbraak fan de toer krige de tsjerke in hege dekorative toer mei spits. De nulle op de spits is ûnder de wynwizer fersierd mei fjouwer delhingjende leeljes.

By de ôfbraak fan 'e midsiuwske toer waarden der ûnder de flier reliken fûn út de katolike tiid fan de tsjerke. De reade sânstien mei in foarstelling fan de krusiging hat ea ûnderdiel west fan in sakramintshûs. Njonken dit reliëf lei noch in stien mei in goatysk râneskrift om in reliëf. Beide stiennen út de 15e iuw kamen sûnt 1946 yn it Frysk Museum telâne en de tsjerke krige replika's, mar nei de lêste restauraasje binne de orizjinele stiennen wer yn de muorre fan it koer mitsele.[1]

Nei't de gemeente te lyts waard, is op 22 febrewaris 1998 de lêste tsjinst yn 'e tsjerke holden. De protestanten fan Koarnwert hearre no by de PKN-gemeente Makkum.

Yn 2010 waard it ryksmonumint folslein restaurearre. It gebou is tsjintwurdich yn it besit fan de "Stifting Tsjerke en Toer Koarnwerd", dy't it behâld fan de tsjerke neistribbet.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Dam-oargel

In grut part fan 'e ynrjochting stamt út de tiid fan 'e ferbouwing yn 1740. Dat jildt foar de preekstoel, it doophek en in tal betinkingsbuorden fan 'e tsjerkfâlden. Ek fan dy tiid is it boerd mei dêrop de Wet fan de Heare. Foar de preekstoel oer stiet de bank foar de tsjerkfâlden. Yn 'e 19e iuw is de bank op 'e nij bekape, mar it wapen fan Cornelis fan Aylva op de kape stamt noch wol út 1740.

Yn 'e toer hinget in klok út 1569 mei in diameter fan 101 sintimeter. De klok waard getten troch Aelt Boister. Nei de sloop fan 'e toer kaam it oerwurk út 1616 yn de herfoarme tsjerke fan Makkum telâne. [2] It mechanyske oerwurk dat no yn de toer stiet stamt út 1913.[3]

In út de tsjerke ôfkomstige doar mei izerbeslach en it jiertal 1591 wurdt bewarre yn it Frysk Museum. De doar slette eartiids de toer ôf fan de tsjerke en hie by in belegering in ferdigeningsfunksje.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel yn 'e tsjerke stamt út 1865 en waard boud troch L. van Dam en Soannen út Ljouwert. It Koarnwerter oargel fertoant grutte oerienkomsten mei dat fan de Agnestsjerke yn Goutum, mar de disposysje fan Koarnwert is krekt efkes riker.[4] By it oargel hinget in oaljeferfskilderij fan W. Hellinga, de earste organist fan de tsjerke en teffens haad fan de skoalle.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. 500 jaar reformatie, side 17, publikaasje Stifting Alde Fryske Tsjerken
  2. Frysk Deiblêd, 31.07.2002
  3. Rijksmonumenten, oproppen 29.11.2017
  4. Vijf eeuwen Friese Orgelbouw, Jan Jongepier ISBN 90 330 1199 9 / CIP