Bongo (antilope)
| Bongo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
In bongo yn 'e bistetún fan Antwerpen | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Tragelaphus eurycerus | ||||||||||||
| Ogilby, 1837 | ||||||||||||
| IUCN-status: hast bedrige | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De bongo (Tragelaphus eurycerus) is in antilopesoarte dy't heart ta de famylje fan 'e holhoarnigen. De bongo libbet yn 'e bosken fan East-, Sintraal- en West-Afrika.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bongo is in krêftich boude antilope. Hy hat in ferskaat oan tinten fan kastanjebrún hier. Wat âlder de bongo wurdt, wat mear as it hier nei donkerbrún ferkleuret. Op 'e side hat de bongo wite fertikale streken, in V-foarmich wyt teken yn it gesicht en in wite bân oer de kiel. De bongo hat ek wite en swarte markearingen op 'e poaten en mei wyt ûnderbrutsen kastanjebrune moanjes, dy't efter de hoarnen begjinne en oer de hiele rêch oant it begjin fan 'e sturt rinne. Beide seksen hawwe lange, draaide hoarnen, dy't tusken de 60 en 100 sintimeter lang wurde kinne. Der is in grut ferskil yn gewicht tusken de skaaien: it wyfke is folle lytser as it mantsje, dat tusken de 240 en 400 kilo weagje kin. It wyfke weaget meastentiids tusken de 210 en 250 kilo.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bongo is in typyske boskbewenner dy't foarkomt yn de tichte, tropyske reinbosken fan West-, Sintraal- en East-Afrika. It ferspriedingsgebiet is troch minsklik yngripen en biotoopferlies hieltyd fierder fragmintearre. Der binne twa ûndersoarten mei elk in hiel eigen geografysk gebiet.
De westlike of leechlânbongo (T. e. eurycerus) foarmet de grutste populaasje. It kearngebiet leit yn 'e djippe reinbosken fan it Kongo-bekken (Kameroen, de Sintraal-Afrikaanske Republyk, Gabon en de beide Kongo's) en rint fierder troch yn lytse, isolearre boskgebieten yn West-Afrika, lykas yn Ivoarkust, Gana, Guinee, Libearia en Sierra Leöane. Ek yn it uterste suden fan Súd-Sûdan wurdt dizze ûndersoarte noch fûn. Yn Togo en Uganda is de soarte útstoarn.
De eastlike of berchbongo (T. e. isaaci) hat in folle lytser ferspriedingsgebiet en libbet folslein isolearre fan syn westlike sibben. Dizze ûndersoarte komt yn it wyld allinnich noch foar yn in pear swier beskerme berchbosken en bamboebosken yn Sintraal-Kenia, lykas op 'e hellingen fan Mount Kenya en yn it Aberdare-berchtme.
| leechlânbongo | berchbongo |
Libbenswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sosjaal gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bongo is de grutste antilope dy't allinnich yn bosken libbet. Hy fielt him it bêste thús yn 'e reinwâlden, mar komt ek foar yn leechlânbosken en bamboebosken. De bongo is in skou bist dat fral aktyf is by it skimerjen, nachts en by it lemieren fan 'e dei. Oerdeis siket er rêst en hâldt er him skûl yn 'e tichtste dielen fan it wâld. It dieet fan 'e bongo bestiet ûnder oare út blêden, jonge spruten, fruit, bast, woartels, gers en krûden. Hy is betûft yn it opgraven fan woartels mei syn krêftige hoarnen. Se libje yn pearen of yn lytse groepen fan wyfkes mei jongen. De âldste mantsjes libje solitêr en sykje allinnich kontakt mei oaren yn 'e pearingstiid. De bongo is in honkfêst bist dat in territoarium hat mei in systeem fan paden, rêstplakken en blabberplakken. Hy baait graach yn ’e blabber om him dêrnei tsjin beammen ôf te skraabjen. De bongo hâldt him ek graach op yn 'e buert fan wetter.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It is net bekend oft de bongo in spesifike pearingstiid hat of dat dit yndividueel ferskilt. In bongowyfke is likernôch 9,5 moanne drachtich en se smyt mar ien kealtsje tagelyk. It kealtsje weaget sa'n 20 kilo as it berne wurdt. De mem ferberget har kealtsje meastentiids de earste wiken nei de berte. It jong drinkt sa'n 6 moannen by de mem. In bongokeal wurdt geslachtsryp as it om-en-de-by 20 moannen âld is. De libbensferwachting fan in bongo wurdt tusken de 15 en 20 jier rûsd.
Fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bart komselden dat in folwoeksen bongo troch in rôfdier wurdt opfretten. It ienige grutte boskrôfdier dat in folwoeksen bongo pakke kin, is de loaihoars. Jonge kealtsjes kinne ek pakt wurde troch de Afrikaanske goudkat en de pytonslang. As der gefaar driget, bliuwt de bongo deastil stean om net sjoen te wurden. Mar as er dochs ûntdutsen wurdt, flechtet er troch de tichte fegetaasje. Se stekke dan de kop omheech sadat de hoarnen parallel oan 'e rêch lizze. Dat dogge se om foar te kommen dat de hoarnen fêst komme te sitten of heakjen bliuwe yn 'e begroeiïng. As in bongo gjin mooglikheid hat om te flechtsjen en yn it nau dreaun wurdt, kin it barre dat er yn 'e oanfal giet.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De IUCN Antelope Specialist Group beskôget de westlike of leechlânbongo (T. e. eurycerus) as hast bedrige en de eastlike of berchbongo (T. e. isaaci) út Kenia as krityk (of earnstich bedrige). Fan 'e berchbongo libje hjoed-de-dei yn it wyld sels minder yndividuen as yn bistetunen (dêr't de fok oars frij maklik giet). Bongo's wurde yn harren bestean bedrige troch minsklike ynfloeden op it miljeu, lykas jacht en yllegale aktiviteiten tsjin wylde bisten.
CITES hat de bongo as in soarte op Bylage III klassifisearre, itjinge betsjut dat de útfier fan it bist allinnich regulearre wurdt fanút ien inkeld lân, nammentlik Gana.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Sûchdieresoarte
- Grutte kûdû
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
