Springe nei ynhâld

Bonga (laach)

Ut Wikipedy

Bonga wie in aadlik laach fan Holwert.

Jan Bonga en Willem Bonga wienen lid fan it Ferbûn fan Eallju. Willem waard yn 1568 ûnthalze yn Brussel.

In oar laach mei de namme Bonga kaam fan Kimswert en is om 1640 útstoarn. Foockel Sybrandsdochter (†1525) hearde ta dit laach. Hja wie de frou fan Gerloff Piers (Donia?), de mem fan Grutte Pier.

Yn 2011 is by de restauraasje fan de Laurentiustsjerke yn Kimswert de grêfsark fan Sibrant fan Bonga fûn. It wie in haadling út it laach dy't op de Bongastate oan de seedyk wenne. Op it râneskrift stiet: Ao 1632 den 19 november sterf den edelen erenphesten Jocker Sibrant fan Bonga Raed ter Admiraliteit van wegen de provincie Frieslant. Fierder stiet ek syn frou neamd, de edele eerbare Iufr Taeck van Doyema syn wijf, mar de stjerdatum is net ynfold. Wol wurdt op it grêf melding makke fan de heit fan Sibrant, Doitze dy't yn jannewaris 1580 op 55-jierrige leeftiid ferstoar. De sark hat in omliste middenmedaljon wêryn de famyljewapens fan de Bonga's útbylde binne. De wapens binne yn de tiid fan de Bataafske Republyk blyn hakt, mar in soad is noch te sjen, benammen it helmteken ienhoarn is goed bewarre bleaun. Benammen de ôfmjittings fan de dekstien wie útsûnderlik: 2,50 by 3,75 meter mei in dikte fan leafst 32 sm. It gewicht sil ûngefear acht ton bedrage. Dizze admiraliteitsried wie oantroude famylje fan Grutte Pier, dy't wol bern krige, mar gjin fierdere neiteam. De mem fan Pier kaam út it Bonga-laach. Ien fan de dochters, Jelts Bonga, troude mei in Teake fan Heemstra en behearde yn Kimswert in diel fan it goed. It pear leit begroeven ûnder in mânske sark mei enoarme famyljewapens, houd troch de Harnzer master Jacob Lous. Ek harren dochter Ebel leit mei har man Epe fan Heemstra yn it koar fan de tsjerke. Hjirop stiet in fjild mei paleisarsjitektuer, ek it wurk fan Lous.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: