Boerekat

In boerekat of skuorrekat, yn it Nederlânsk in boerderijkat neamd, is in healwylde kat (Felis catus), ornaris fan mingd ras, dy't wol in eigner hat, mar net yn 'e hûs litten wurdt en ek net yn 'e hûs litten wurde wol. Sa'n bist komt men almeast op in boerebedriuw tsjin en is yn it foarste plak in ûngediertebestrider. In boerekat hâldt de midden tusken in nuete hûskat en in ferwyldere kat dy't minsken alhiel mijd.
Ferskil mei nuete en ferwyldere katten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De boerekat is ien fan 'e trije types katten dy't besteane op in trochgeand spektrum dat rint fan folsleine nuetens oan 'e iene kant nei folsleine ferwyldering oan 'e oare útein. De oare beide types binne de nuete hûskat, in folslein domestisearre en foar minsken oer sosjalisearre bist, dat in eigner hat, by dy eigner yn 'e hûs libbet, op fêste tiden iten foarset kriget en him graach oanhelje lit. Sa'n kat hat inkeld noch funksje as selskipsdier en wurdt sjoen as in hast folweardich lid fan 'e húshâlding. As er siik of ferwûne rekket, wurdt er nei de bistedokter brocht en ek op oare manearen wurdt er troch syn baaske let en set. It oare uterste is de ferwyldere kat, dy't alhiel yn it wyld libbet en gjin eigner hat. Dit type kat is skou en totaal net sosjalisearre, lit him net oanreitsje en ferberget him foar minsken.
De boerekat stiet dêr tuskenyn. Hy is net folslein domestisearre, mar is it wol wend om minsken om him hinne te hawwen, dy't er duldet salang't se net besykje him te pakken. As er iten kriget, lit er him faak wol even oanreitsje, mar it moat net te gek wurde en as se driigje him op te tillen, spilet er fan rutens. De boerekat libbet net yn 'e hûs, mar wol binnendoar, almeast, sa't de namme al seit, op in boerebedriuw. Dêr hat er in echte funksje, nammentlik ûngediertebestrider, en moat er de populaasjes fan 'e hûsmûs (Mus musculus), de fjildmûs (Microtus arvalis) en oare lytse kjifdieren yn 'e stringen hâlde. Foar it meastepart moat er op dy manear syn eigen kostje byinoar skarrelje, hoewol't er faak troch syn eigner wol byfuorre wurdt. As der wat dúdlik mis mei him is, wurdt der faak gâns tiid en enerzjy oan bestege om him te fangen sadat de bistedokter him neisjen kin.
Libbensomstannichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boerekatten komme foar op boerebedriuwen, sawol yn 'e bou as de feehâlderij. Op feehâlderijbedriuwen binne se der folslein oan wend om behalven minsken ek kij (of hokfoar oar fee der ek mar holden wurdt) om har hinne te hawwen. Ek de kij sjogge net op fan 'e boerekat, hoewol't er har bytiden skrikke litte kin mei syn hommelse bewegings. Oarsoartige bedriuwen dêr't gauris boerekatten holden wurde, binne túnboubedriuwen mei kassen en tsjintwurdich sels bedriuwen dêr't legale marihûana kweekt wurdt.
Ornaris is der mear as ien inkele boerekat op in bedriuw. Op in funksjonearjende buorkerij rinne faak al gau twa of trije katten om. Wannear't se net kastrearre of sterilisearre wurde, kinne se har omraak fuortplantsje. Dat wie oant yn 'e midden fan 'e tweintichste iuw ek op Fryske boerebedriuwen faak de noarm. Sa kinne har koloanjes foarmje fan oan inoar besibbe poezen (mei't de boarren faak fuortswalkje), dy't inoar soms helpe om 'e jongkatsjes grut te bringen. Op feehâlderijbedriuwen meitsje boerekatten faak in nêst mank it hea of strie yn 'e golle of op 'e tilingen om har jongen yn te ferstopjen. It bestean fan sokke isoleare koloanjes wurket lykwols yntylt yn 'e hân, en it wurdt sterk oanret om boerekatten kastrearje en sterilisearje te litten.
Boerekatten rinne deselde risiko's dy't alle bisten rinne wannear't se (foar it meastepart) bûtendoar libje. Oerdracht fan parasiten lykas de katteflie (Ctenocephalides felis) en de earmyt (Otodectes cynotis) is ien fan dy risiko's. Ek kinne se op ferskate manearen ferwûne reitsje, bygelyks troch oerriden te wurden troch trekkers of frachtweinen of troch ûnder de meanmasine te kommen as se har yn it lange gers ferbergje. Fierders komme boerekatten ek geregeldwei om troch fergiftiging as se bygelyks rottefergif frette of de liken fan rotten dy't mei dat guod fergiftige binne. Predaasje troch gruttere rôfdieren spilet yn Nederlân net, mar yn Noard-Amearika wol, dêr't de prêrjewolf (Canis latrans), de waskbear (Procyon lotor) en sels de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus) út en troch wolris in kat ferskalke.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |