Springe nei ynhâld

Boekel (gemeente)

Ut Wikipedy
Boekel
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
Haadplak Boekel
Oerflak 34,52 km²[1]
  •  dêrfan lân 34,50 km²
  •  dêrfan wetter 0,02 km²
Ynwennertal (1 jannewaris 2024)
Befolkingstichtens 1.132 ynw./km²
Ferkearsier(en)
Netnûmer(s) 0492
Postkoade(s) 5427, 5428
www.boekel.nl

Boekel is in gemeente oan 'e Peelrâne yn it eastlike diel fan 'e provinsje Noard-Brabân. Njonken it haadplak Boekel bestiet de gemeente út de doarpen Venhorst en Huize Padua.

De namme fan 'e gemeente ferwiist nei in beam, de bûkebeam.

It gebiet fan 'e gemeente hearde eartiids ta it Lân fan Ravenstein en yn 'e tiid fan 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen wie der frijheid fan godstsjinst. Sa ûntstie de kearn Huize Padua. Doe't de Peel yn eastlike rjochting oanmakke waard, ûntstie Venhorst.

De gemeente Boekel waard yn 1810 stifte. Foar dy tiid foarme Boekel in bestjoerlike ienheid mei Uden en Seelân.

Yn 2020 waard Boekel tige swier troffen troch COVID-19 mei 21 deaden de 10.000 ynwenners.

It gemeentewapen fan Boekel waard op 14 oktober 1818 ferliend. Dêrop wurdt in tsjerkegebou ôfbylde. Alhoewol it net wis is hokker tsjerke dat is, giet it nei alle gedachten om de Alde Tsjerke, de grinstsjerke dy't yn Boekel boud waard foar de ynwenners fan Erp en yn 'e jierren 1648-1672 tsjinst die. Dy is oanjûn op 'e Meierijkaart fan Hendrik Verhees.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Gemeenten yn Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert
· · Berjocht bewurkje