Boeing C-17 Globemaster III

Ut Wikipedy
C-17 Globemaster III


Rol Strategysk en taktysk transportfleantúch
Makker McDonnell Douglas, Boeing
Untwerper
Earste flecht 15 septimber 1991
Yn tsjinst 17 jannewaris 1995
Ut tsjinst yn tsjinst
Tal makke 279 (1991–2015)
Grutste brûkers United States Air Force, Royal Air Force, Royal Australian Air Force, Indian Air Force
Untwikkele út McDonnell Douglas YC-15

De Boeing C-17 Globemaster III is in Amerikaansk strategysk transportfleantúch, boud troch Boeing Integrated Defense Systems, dat tsjinnet by de US Air Force, Royal Air Force, Royal Australian Air Force, Canadian Forces Air Command en Qatar Air Force. It waard ûntwurpen as ferfanger fan de Lockheed C-141 Starlifter en om in tal taken fan de Lockheed C-5 Galaxy oer te nimmen. De C-17 krige syn namme fan twa eardere swiere transoportfleanmasines mei sûgermotors, de C-74 Globemaster en de C-124 Globemaster II.

In rige lannen (de NAFO-leden Nederlân, Bulgarije, Denemarken, Estlân, Hongarije, Italië, Letlân, Litouwen, Noarwegen, Poalen, Roemenië, Slovenië, Slowakije, Tsjechië en de Feriene Steaten, teffens Finlân en Sweden) hawwe meiïnoar yn 2009 trije C-17 Globemaster III's oankocht ûnder de neamer Strategic Airlift Capability. Sy binne stasjonearre op de loftmachtbasis Pápa yn Hongarije. Nederlân is in grutte brûker mei mear as 500 fleanoeren. Op 14 july 2009 waard it earste tastel ôflevere; de oare twa folgen yn it neijier.

Mei de C-17 Globemaster III is in flugge strategyske levering fan troepen en materialen fan en nei in haadbasis of nei in foarútskode basis mooglik. It tastel is grut genôch om in Chinook-helikopter te ferfieren. Hy is ek by taktysk ferfier fan bygelyks ferwûnen te brûken en ek foar loftdroppingen.

De C-17 is ûntwurpen om fan fleanfjilden mei koarte en smalle banen (1.064 m. / 27 m.) te operearjen. Fierders kin er brûkt wurde op net-befluorre en rûge banen.

Spesifikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cockpit fan in Boeing C-17A Globemaster III
C-17 by it 'tladen fan helpguod nei de Orkaan Katrina
In C-17 fan de 446th Airlift Wing giet de loft yn (Fort Bragg)
Spesifikaasjes Gegevens[1]
Lingte 53,04 m
Spanwiidte 50,29 m
Fleugeloerflak 353,0 m²
Oerflakbelêsting fleugel
  • minimaal (leech): 346 kg/m²
  • maksimaal (maks. startgewicht): 745 kg/m²
Hichte 16,79 m
Frachtromte (L × B × H) 26,82 m × 5,49 m × 3,76 m
Gewicht leech 122.016 kg
Maks. startgewicht 263.083 kg
Maks. lading 77.519 kg
Maks. brânstofkapasiteitt 134.556 l
Krúsfaasje
  • 818 km/o (op 10.975 m)
  • 650 km/o (op seenivo)
Tsjinstplafond 13.716 m
Fleanberik
  • sa'n 5.100 km (mei 49.895 kg lading)
  • 4.450 km (mei maks. lading)
Fleanberik mei ekstra brânstof
  • 11.575 km (ferzje C-17A "ER")
  • mei bytanken yn de loft gjin limyt
Oandriuwing 4 Pratt & Whitney F117-PW-100-Turbofans fan 185,55 kN it stik
Driuwkrêft-gewicht ferhâlding
  • maks. (leech): 0,62
  • minimaal (maks. startgewicht): 0,29
Cockpit 2 Head-Up-Displays, Fly-by-wire-systeem
Bemanning kommandant, ko-piloat, laadmaster

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Claudio Müller, Flugzeuge der Welt 2008. Motorbuch Verlag, Stuttgart2008. ISBN=978-3-613-02847-0