Boeing 377 Stratocruiser
Boeing 377 Stratocruiser | |
---|---|
Rol | Ferkearsfleantúch |
Makker | Boeing Commercial Airplanes |
Earste flecht | 8 july 1947 |
Yn tsjinst | 1 april 1949 by Panam |
Ut tsjinst | 1963 |
Tal makke | 56 (mei 1 prototype) |
Grutste brûker | Pan American World Airways |
Farianten | Pregnant Guppy, Super Guppy, Mini Guppy |
De Boeing 377 Stratocruiser wie in grutte lange-ôfstâns ferkearsfleanmasine dy't ûntwikkele waard út de militêre frachtfleanmasine C-97 Stratofreighter, dy't wer ôflaat wie fan de B-29 Superfortress. It ûntwerp wie modern yn dy tiid. Sa hie it tastel twa passazjiersdekken en in drukkabine, in betreklik nij ferskynsel by ferkearsfleantugen yn dy tiid. De Stratocruiser hie plak foar oant 100 passazjiers op it grutte dek en plak foar 14 op it salondek dêr ûnder.
De Stratocruiser wie grutter as de Douglas DC-6 en de Lockheed Constellation, dêr't er mei konkurrearje moast, en wie ek djoerder yn gebrûk. Hy wie bekend om syn goede prestaasjes, de grutte kapasiteit en de lúkse kabine, mar syn betrouberens foel tsjin, fral fanwege swierrichheden mei de fjouwer 28-sylinder Pratt & Whitney Wasp Major radiaalmotors en harren fjouwerblêdige propellers. Der waarden mar 55 Model 377s boud foar loftfeartmaatskippijen.
Meiïoar 13 tastellen giene by ûngemakken ferlern, wêrby't tusken 1951 en 1970 totaal 140 deaden foelen.
Brûkers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- American Overseas Airlines
- Northwest Airlines
- Pan American World Airways
- Transocean Air Lines
- United Airlines
- Scandinavian Airlines System (net levere - trochferkocht oan BOAC)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Boargerloftfeart: Boeing 377 Stratocruiser
- Aviation History: Boeing 377 Stratocruiser
- Boeing 377 - Stratocruiser
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Boeing 377 Stratocruiser fan Wikimedia Commons. |