Bodleian Library

Ut Wikipedy
Yngong fan de Bodleian bibleteek

De Bodleian Library ("Bodleyaanske Bibleteek") yn Oxford, Ingelân, koartwei ek wol de Bodley of de Bod neamd, is de âldste iepenbiere bibleteek fan Europa.

De Bodleian Library is ien fan de seis bibleteken dy't depotplicht hawwe foar alle wurk dat yn it Feriene Keninkryk útbrocht wurdt. Dat betsjut dat in útjouwer yn elts gefal ferplichte is om ien eksimplaar oan de British Library te stjoeren, en ek oan elk fan de oare fiif bibleteken at dy dêr om freegje. Fierders hat de bibleteek ek rjocht op in kopy fan elts boek dat yn de Ierske Republyk publisearre wurdt, at sy dêr om fersykje. Utsein universiteitsmeiwurkers, wurde dokuminten net útliend.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bibleteek hat in lange skiednis. It earste ynstitút yn Oxford datearret út de 14e iuw en waard stifte troch Thomas Cobham, biskop fan Worcester. Stadichoan groeide de samling en moast der in nij ûnderkommen socht wurde doe't de bibleteek tusken 1435 en 1437 in mânske kolleksje manuskripten fan Humphrey fan Gloucester, de broer fan Hindrik V, krige.

Ein 16e iuw rekke de bibleteek fertutearzge. In protte meubulels waarden ferkocht en in soad manuskripten ferdwûne út de samling. Begjin 17e iuw bemuoide Thomas Bodley him der lykwols ei. Hy bea de fice-kanslier fan de universiteit oan it ynstitút nij libben yn de blazen en fûnsen ta foldwaan te jaan. Ek skonk er in part fan syn eigen boekesamling. De bibleteek waard op 8 novimber 1602 fannijs ipene en krige doe ek de namme fan Thomas Bodley. De Bodleian hat no sa'n 8 miljoen boeken.

Digitale takomst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Bodleian is dwaande mei it Oxford Digital Library (ODL) projekt. It doel is om de samlings fan bibleteek mei ynternet tagonklik te meitsjen. De Bodleian stipet it opsetten fan in „JournalServer“ Open-Access Digital Library en jout boarnen foar de Oxford Digital Library Servers ta foldwaan. De ODL sette útein yn july 2001 en der binne al in soad digitale argiven te riepachtsjen.

Bibleteekstimpel yn in boek út 1830

Ferneamd wurk yn dizze bibleteek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In karút.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]