Bocke fan Feytsma
Bocke fan Feytsma | ||
politikus | ||
Bocke fan Feytsma en Kempo fan Tadema yn de begraffenisstoet fan Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg yn 1620. | ||
bertedatum | ûnbekend | |
stjerdatum | desimber 1626 | |
stjerplak | Deinum | |
Grytman fan Kollumerlân en Nijkrúslân | ||
amtsperioade | 1600-1626 | |
Folmacht op de Lândei út namme fan Kollumerlân en Nijkrúslân | ||
amtsperioade | 1604-1608 1610-1622 1624-1626 | |
Rintmaster fan de domeinen fan Fryslân | ||
amtsperioade | 1619-1621 |
Bocke fan Feytsma (ferstoarn desimber 1626) wie in Nederlânsk bestjoerder fan Frysk komôf.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan Feytsma wie in soan fan Jelger fan Feytsma (stoarn yn 1620) en Auck van Herema (1892 -1613). Bocke wie in telch út de famylje Fan Feytsma. Yn 1589 waard Bocke ynskreaun as studint oan de universiteit fan Frjentsjer en yn 1596 oan de universiteit fan Leiden. [1]
Yn 1600 waard Fan Feytsma grytman fan Kollumerlân en Nijkrúslân, in funksje dy't syn heit earder hie. Hy kaam ek op as Volmacht ten Landsdag (Lândei fan Fryslân) út namme fan dy gritenij. Fan Feytsma waard lykwols net neamd as dykgraaf fan Kollumerlân, wylst de funksje fan grytman en dykgraaf yn it ferline kombinearre wiene.[2]
Yn de tiid dat er grytman wie kocht Fan Feytsma it Rjochthûs yn Kollum oan om dêr gearkomsten fan de gritenij hâlde te kinnen. Ek wie er ien fan de skinkers fan de tsjerkeklok fan de tsjerke fan Kollum; syn namme stiet ek op de klok. [3]
Yn de perioade 1619 -1621 kaam Van Feytsma as rintmaster fan de domeinen fan Fryslân. Nei syn ferstjerren yn 1626 waard er as grytman provisjoneel opfolge troch Tsjerk fan Boelens. Wêrnei't Hayo van Rinia yn 1627 beneamd waard as opfolger. Dy Fan Rinia wie al assessor ûnder Van Feytsma. [2]
By syn houlik hie Bocke in hoemannichte grûn en in jildbedrach krigen om de Feitsmastate benoarden Kollum te stichtsjen. Fan syn heit urf Bocke ek de Sierdsmastate te Deinum. [4]
Houlik en bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan Feytsma troude mei Haring fan Burmania, dochter fan Upcke fan Burmania en Rints van Roorda. It pear krige seis bern ûnder oare:
- Luts fan Feytsma (stoarn yn 1620), troude mei Menne Houwerda fan Meckema, soan fan Pybe fan Meckema en Jetscke van Houwerda. De famylje Fan Meckema hie twa kear de grytman fan Kollumerlân levere.
- Ruurd fan Feytsma († 1657), troude mei Machteld van Roorda. Hy wie militêr en urf de Sierdsmastate yn Deinum fan syn heit en de Feytsmastate yn Hallum fan syn omke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|