Bobby Goldsboro

Ut Wikipedy
Bobby Goldsboro, 1967

Bobby Goldsboro (Marianna, 18 jannewaris 1941) is in Amerikaanske pop- en country-singer-songwriter.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Goldsboro waard berne yn Marianna (Floarida) en waard grutbrocht yn Dothan, Alabama. Op de high school wie er lid fan de band The Webs. Dêrnei gie Goldsboro nei de universiteit fan Auburn, mar hy bleau gitarist by The Webs. De reputaasje fan de groep groeide en yn Goldsboro's twadde jier oan de universiteit krigen se Buddy Buie as manager. Buie wie âlde kunde fan de high school, dy't yn Nashville produsint en songskriuwer wurden wie. Hy besoarge de Webs in tal konsertboekingen; op ien dêrfan mochten se Roy Orbison begeliede. Dat gie sa goed dat Orbison harren frege om syn fêste begelieders te wurden. Dat gie oan en Goldsboro gie fan de universiteit ôf.

Goldsboro yn 2010

De groep toerde fan 1962 oant 1964 mei Orbison. Hy boaske yn dy snuorje oan Mary Alice en brocht in pear singles út, dy't it net sa goed dien. Yn 1963 naam er in eigen komposysje op, "See the Funny Little Clown" (op United Artists Records). De single helle de top-10 fan de Amerikaanske hitparade en waard mear as ien miljoen kear ferkocht; it waard syn earste gouden plaat.

Goldsboro keas dêrnei yn 1964 foar in solokarriêre. Yn de tsien jier dy't folgen hie er in rige hits en krige er noch mear gouden platen, ûnder oaren foar "Little Things" út 1965, "It's too late" út 1966 en "Watching Scotty Grow" út 1971. Syn grutste hit waard "Honey" (1968), dat syn ienige nûmer 1-hit yn de Billboard Hot 100 en de Billboard Country-hitlist waard. De lp mei deselde namme stie ek heech yn de Country-LP-hitlist. "Honey" waard sels de bêst ferkochte single fan 1968 yn de wrâld[1]. Goldsboro soe dêrnei oars mear súkses hawwe as countryartyst. Syn lêste Top-40 hit yn de Billboard Hot 100 wie "Summer (The First Time)" út 1973, dy't sa'n tsien jier yn de Country Top-40 stean bleau.

Fan 1973 oant 1975 hie die syn eigen muzikale fariëteeshow op de Amerikaanske telefyzje, The Bobby Goldsboro Show.

Yn de jierren tachtich stoppe Goldsboro mei plaatopnames en optredens om him mear ta te lizzen op syn wurk as komponist, arranzjeur, produsint en skriuwer fan ferhalen foar bern. Hy skreau de muzyk foar de seizoenen 1993-1994 fan de Amerikaanske sitcom Evening Shade. Fan 1995 ôf oan makke en produsjearre de telefyzjerige "The Swamp Critters of Lost Lagoon" foar bern fan 2 oant 6 jier. Ferskate fan syn ferhalen ferskynden as audioboek of tekenfilm. Letter sloech er ek oan it skilderjen; hy ferkeapet syn wurk op syn hiemside.

Yn 1999 waard Goldsboro opnaam yn de Alabama Music Hall of Fame.

Grutste hits[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • See the Funny Little Clown (1964) US #9
  • Whenever He Holds You (1964) US #39
  • Little Things (1964) US #13
  • Voodoo Woman (1965) US #27
  • It's Too Late (1966) US #23
  • Blue Autumn (1967) US #35
  • Honey (1968) US #1, UK #2
  • Autumn of My Life (1968) US #19
  • The Straight Life (1968) US #36
  • Watching Scotty Grow (1971) US #11
  • Summer (The First Time) (1974)UK #9, US #21
  • Hello, Summertime (1974) UK #14

Keppelings o utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Billboard, 5 oktober 1974, s. BG-8 (apart katern nei oanlieding fan 10 jier Bobby Goldsboro op United Artists)