Springe nei ynhâld

Boatsnaffelreager

Ut Wikipedy
Boatsnaffelreager
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaaiboatsnaffelreagers (Cochlearius)
soarte
Cochlearius cochlearius
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De boatsnaffelreager (Cochlearius cochlearius) is in fûgelsoarte út de famylje reagerfûgels (Ardeidae). It is de iennige soarte yn it skaai Cochlearius.

Folwoeksen fûgels wurde 45-53,5 sm lang en ha in swarte mûtse mei in swarte mantel. It gesicht is wyt, wylst it boarst en de búk ljochtrôze oant readbrún binne en de flanken fan 'e bealch swart. De boppekant fan 'e wjukken en rêch is ljochtgriis. De fûgel hat ek in túf, dy't nei alle gedachten brûkt wurdt om partners oan te lûken, want by mantsjes is dy túf grutter. Syn grutte, brede leppelfoarmige snaffel dêr't er namme oan te tankjen hat, is foar it grutste part swart. Mantsjes en wyfkes ha oer it algemien in soad fan inoar; it grutste ferskil is dat de wyfkes wat lytser binne, mear griis en in koartere túf hawwe.

Krekt útkommen piken ha in griengiele hûd mei griis dûns op 'e boppekant fan it bealchje. De boppekant fan 'e snavel is swart en de poatjes binne griengiel. Juvenilen binne donkerder as folwoeksenen en hawwe gjin túf.

Fersprieding en leefgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De boatsnaffelreager komt foar fan Meksiko oant Perû, Brazylje en noardeastlik Argentynje. mangroves briede.

Fûgel yn Kosta Rika.

De fûgel is net-migrearjend en wurdt yn wiete gebieten, sompen, mangroves en om swietwettermarren hinne oantroffen, mar ek yn brak wetter en oan 'e kust. In bekende lokaasje dêr't de fûgel libbet is it Caño Negro Reservaat yn Kosta Rika.

De soarte wurdt meastentiids ferdield yn fiif ûndersoarten mei twa haadgroepen dy't somtiden noardlike boatsnaffelreagers en súdlike boatsnaffelreagers neamd wurde:

  • Noardlike groep:
    • C. c. zeledoni (Ridgway 1885) - komt foar yn westlik en sintraal Meksiko.
    • C. c. phillipsi (Dickerman 1973) – komt foar yn eastlik Meksiko en yn Belize.
    • C. c. ridgwayi (Dickerman 1973) – komt foar yn súdlik Meksiko, Gûatemala, El Salvador, Hondoeras en Nikaragûa.
  • Súdlike groep:
    • C. c. panamensis (Griscom 1926) – komt foar yn Kosta Rika en yn Panama.
    • C. c. cochlearia - de nominaatfoarm komt foar yn eastlik Panama en yn Súd-Amearika.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Pyk.

Boatsnaffelreagers briede yn it reinseizoen en der binne waarnimmingen fan twa lechsels yn it selde seizoen, mei de earste lêch yn febrewaris, oan 'e ein fan it drûge seizoen. De grutte fan in lechsel is twa oant fjouwer aaien; it earste lechsel is faak grutter as it twadde. Se briede yn 'e regel yn koloanjes, mar binne ek wol solitêr waarnommen. Fersteuring fan minsken ferminderje it briedsukses om't de fûgels kontakt mei minsken mije en de nêsten yn dat gefal ferlitte.

De fûgels ite lytse sûchdieren, amfibyën, weakdieren, ynsekten, krabben, garnalen en lytse fisken. Se foerazjearje meastentiids by begroeide streamen, ûndjip wetter en lagunes. As se by rivieren foerazjearje, brûke se leechhingjende tûken en mangrovewoartels om boppe it wetter te stean. Yn fivers foerazjearje se stadich troch oant 10 sm djip wetter of tichteby de wetterrâne. Om proaien te fangen skeppe se mei harren snaffel de fisk út it wetter, dy't foar dy jachttechnyk tige geskikt is.

De boatsnaffelreager hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar der is in gebrek oan kennis oer de trend fan 'e populaasje. Tocht wurdt dat de populaasje troch habitatferlies yn 'e takomst foars ôfnimme sil. Nettsjinsteande dat kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: