Springe nei ynhâld

Boateinen

Ut Wikipedy
Boateinen
Tachyeres brachypterus
Tachyeres brachypterus
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:goes- en hineftigen
   (Galloanserae)
skift:goeseftigen (Anseriformes)
ûnderskift:echte goeseftigen (Anseres)
boppefamylje:goesfûgels (Anatoidea)
famylje:einfûgels (Anatidae)
skaai:boateinen (Tachyeres)
Owen, 1875

Boateinen (Tachyeres) foarmje in fûgelskaai út de famylje einfûgels (Anatidae). Der binne fjouwer soarten yn it skaai en trije dêrfan kinne net fleane. It binne grutte einen dy't fral oan 'e kust libje en harren ferspriedingsgebiet ha yn it suden fan Súd-Amearika. Twa soarten binne endemyske soarten.

It skaai waard yn 1875 troch de Ingelske soölooch Richard Owen beskreaun om de Falklânboatein ûnder te bringen. De skaainamme Tachyeres komt fan it Aldgrykske ταχυ- "fluch" + ἐρέσσω "ik roei". As se hurd swimme brûke se de wjukken om yn it wetter te slaan, sadat in effekt ûntstiet dat op dat fan in radarsteamboat liket. Dêrfandinne de namme "boateinen".

OfbyldFryske
namme
Wittenskiplike
namme
FerspriedingsgebietStatus
Tachyeres brachypterusFalklânboateinFalklâneilannennet bedrige (2018)
Tachyeres leucocephalusWytkopboateinArgentynjegefoelich (2018)
Tachyeres patachonicusFleanende boateinArgentynje, Sily,
Falklâneilannen, Fjoerlân
net bedrige (2018)
Tachyeres pteneresReuzeboateinSily, Fjoerlânnet bedrige (2018)


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Boateinen fan Wikimedia Commons.