Springe nei ynhâld

Boarstelsturtpinguïns

Ut Wikipedy
Boarstelsturtpinguïns
kinriempinguïn
kinriempinguïn
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
skift:pinguïneftigen (Sphenisciformes)
famyljepinguïns (Spheniscidae)
skaaiboarstelsturtpinguïns (Pygoscelis)
Wagler, 1832

It skaai boarstelsturtpinguïns (Pygoscelis) bestiet út trije soarten pinguïns (Spheniscidae).

Neffens mitogondriaal en nukleêr DNA soe it skaai him sa'n 38 miljoen jier lyn fan oare pinguïns ôfsplitst ha, likernôch 2 miljoen jier nei de foarâlden fan it skaai grutte pinguïns (Aptenodytes). De Adéliepinguïns hawwe har op har beurt likernôch 19 miljoen jier lyn ôfsplitst fan 'e oare leden fan it skaai.

In stúdzje út 2020 konkludearre dat de ezelspinguïn eins in soartekompleks fan fjouwer ferlykbere, mar genetysk ferskillende soarten omfiemet: de noardlike ezelspinguïn (P. papua), de súdlike ezelspinguïn (P. ellsworthi), de eastlike ezelspinguïn (P. taeniata) en de nij beskreaune Súd-Georgyske ezelspinguïn (P. poncetii). Yn 2021 erkende it Ynternasjonaal Ornitologysk Kongres de útstelde soarten lykwols as ûndersoarten fan 'e P. papua.

Libbene soarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
OfbyldWittenskiplike nammeFryske nammeFerspriedingStatus
Trend
Pygoscelis adeliaeAdéliepinguïnAntarktika, Bouvet.net bedrige
[1]
Pygoscelis papuaezelspinguïnFalklâneilannen, Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen, Kerguelen.net bedrige
stabyl[2]
Pygoscelis antarcticakinriempinguïnAntarktika, Argentynje, Bouvet, Sily, Falklâneilannen, de Frânske Súdlike Gebieten en Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen.net bedrige
[3]

Fossile soarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dêrnjonken binne der ek noch trije fossile soarten:

De Calderapinguïn en de tyreepinguïn binne op provisjonele basis yn dit skaai pleatst.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: