Boardmeganisien


In boardmeganisien (of boardwurktúchkundige) is oan board fan in fleantúch of loftskip de persoan dy't ferantwurdlik is foar it korrekt funksjonearjen fan alle technyske systemen. Tsjintwurdich hawwe allinnich de âldere typen fleantugen noch in boardwurktúchkundige: yn moderne typen is de cockpit sa fier automatisearre, dat de taak fan de boardwurktúchkundige oernommen is troch kompjûtersystemen lykas ECAM of EICAS.
Yn fleantúchtypen dêr't noch in boardmeganisien meifljocht is dy de tredde persoan fan de cockpitbemanning, nei de gesachfierder en de copiloat. It gebrûklik plak yn de cockpit is achter de beide piloaten. Syn stoel is draaiber sadat er him ôfhinklik fan de situaasje rjochtsje kin op in sydpaniel, wêrop't de tastân en it funksjonearjen fan hast alle systemen oan board ôf te lêzen is, of nei foaren op de motorynstruminten en gashendels.
De taak fan de boardwurktúchkundige bestiet út it fóár de flecht folslein kontrolearjen fan de technyske steat fan alle systemen, wêrûnder it luchtdruksysteem fan de kabine, it brânstofsysteem, de motoaren, it lâningsgestel, it hydraulyske systeem, it elektryske systeem en de navigaasje - en kommunikaasjeapparatuer. Ek ûnder de flecht hâldt er alle systemen yn de gaten, lokalisearret en ferhelpt as it kin steuringen, en advisearret de piloaten yn gefal fan need. [1]
Yn de Twadde Wrâldoarloch hiene in soad Amerikaanske bommewerpers in boardwurktúchkundige. Dy syn posysje waard lykwols ek brûkt as boardskutter, meastentiids om de boppeste koepel (turret) te betsjinjen, lykas it gefal wie by de Boeing B-17 Flying Fortress.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 1 maart 2008 lâne op Skiphol foar de lêste kear in Boeing 747-200F yn Nederlân. Dêrmei wie dit de lêste kear dat der in boardwurktúchkundige yn sivile Nederlânske tsjinst yn de cockpit meifleach.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|