Božena Kriegerová
| Božena Kriegerová | ||
| Kriegerová njonken Sablatnig yn de fleanmasine, oktober 1910 | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| berne | 14 maaie 1888 | |
| berteplak | Písek, Eastenryk-Hongarije | |
| stoarn | net bekend | |
| stjerplak | net bekend | |
| wurkpaad | ||
| berop/amt | Fleander | |
| reden bekendheid | Earste Tsjechyske froulike fleander | |
Božena Johana Kriegerová (Písek, 14 maaie 1888 [1] – ûnbekend) wie in Tsjechyske loftfeartpionier. Op 17 oktober 1910 waard sy de earste Tsjechyske frou dy't in piloat beselskippe yn in fleantúch mei in motor, nammentlik de Eastenriker Josef Sablatnig.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kriegorová waard berne op 14 maaie 1888 yn it Súd-Boheemske stedsje Písek, yn hûsnûmer 54 yn it stedssintrum (no Chelčického 9). Sy wie de dochter fan skroar Karl Krieger en syn frou Anna (bertenamme: Pešková). Kriegerová waard doopt op 19 maaie 1888 yn 'e Tsjerke fan 'e Berte fan 'e Faam Maria yn Písek as Božena Johana.

De flecht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op snein 16 oktober 1910 waard in loftshow hâlden op in gersfjild yn Prosek by Praach. De Dútske fleander en arsjitekt Oswald Kante soe meidwaan, mar syn masine rekke swier skansearre by it ferfier nei Prosek. De Eastenrykske fleander Josef Sablatnig soe ek meidwaan mei syn dûbbeldekker, nei it foarbyld fan 'e Bruorren Wright. It barren waard bywenne troch de aartshartoch fan Eastenryk, Karl Franz Joseph, de lettere keizer, en de Tsjechyske gûverneur Karl Maria Coudenhove. De lettere froulike fleander Božena Laglerová wie der dy dei ek by.
Op 17 oktober foltôge Sablatnig in earste testflecht. Letter waard in twadde flecht oankundige, dizze kear mei in frou út it publyk as passazjier. Kriegerová waard úteinlik keazen. Se waard útrisd foar de flecht en naam har plak yn yn 'e iepen cockpit fan it fleantúch, tichtby de motor, rjochts fan 'e piloat. Har posysje yn it fleantúch, sa ticht by de piloat, luts fuortendaliks in soad media-omtinken. Sablatnig lansearre it fleantúch en fleach doe op in matige hichte oer Kbely en werom, in flecht dy't 2 minuten en 6 sekonden duorre, foardat se feilich lânen. It barren waard ûnder oaren fêstlein troch de redakteur fan it tydskrift Čas; bylden fan dy dei waarden publisearre yn it fotografyblêd Český svět.[4]
Kriegerová har flecht makke har de earste Tsjechyske frou dy't in motorisearre fleantúch fleach. Koart skoft dêrnei waard Božena Laglerová de earste froulike Tsjechyske piloat dy't in fleanbrevet hie.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Božena Kriegerová fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
