Boäz
| Boäz | ||
| Boäz en Ruth (Louis Hersent) | ||
| Persoanlike gegevens | ||
| folk | Israeliten (stamme fan Juda) | |
| Famylje | ||
| heit | Salmon | |
| mem | Rachab (neffens Mattéus 1:5) | |
| partner(s) | Ruth | |
| bern | Obed | |
| Bibelske rol | ||
| titel / funksje | stamheit fan David | |
| rol | ryk lânbesitter en "losser" | |
| perioade | 11e of 12e iuw f.Kr. (tiid fan 'e Rjochters) | |
| bekend fan | syn goedens foar Ruth; it lossersrjocht; it houlik mei Ruth | |
| neamd yn | Ruth 2–4; 1 Kroniken 2:11-12; Mattéus 1:5 | |
| religieuze tradysje | joadedom; kristendom | |
Boäz (Hebriuwsk: בֹּעַז) is in wichtige figuer yn it Alde Testamint, foaral bekend út it Bibelboek Ruth. Hy wie in ryk en foaroansteand lânbesitter yn Betlehim. Boäz wurdt yn it Nije Testamint neamd as ien fan 'e foarfaars fan kening David en Jezus.
It ferhaal fan Boäz en Ruth
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boäz wie in rike en foaroansteande boer út Betlehim yn it lân Juda. Hy wie besibbe oan Elimêlek, de man fan Naomi, dy't fanwegen hongersneed nei it lân fan Moäb ferhûze wie. Hja krigen twa soannen yn Moäb dy't trouden mei Moäbityske froulju. Nei it ferstjerren fan Elimêlek en har beide soannen woe Naomi werom nei har heitelân. Mei Naomi gie ek Ruth, de Moäbityske widdo fan har soan, nei Betlehim om foar har skoanmem te soargjen.

(Julius Schnorr von Carolsfeld)
Werom yn Betlehim gie Ruth op oantrunen fan Naomi nei it lân fan Boäz om dêr ieren te sammeljen foar iten. Boäz hie al fan har trou oan Naomi heard en hy soarge derfoar dat hja feilich wurkje koe en der genôch ieren op 'e grûn foelen foar Ruth, sadat hja en har skoanmem genôch te iten hiene.
Neffens de Israelyske wet hie de famylje de plicht om it besit fan in ferstoarne sibbe werom te keapjen (it lossersrjocht) en de widdo fan 'e sibbe te trouwen. Hoewol't der in oare sibbe wie dy't noch tichterby har ferstoarne man stie, krige Boäz nei juridysk oerlis by de stedspoarte de tastimming om as 'losser' op te treden. Hy troude mei Ruth, en hja krigen in soan dy't Obed neamd waard.
Betsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Boäz betsjut nei alle gedachten "yn him is krêft". Hy stiet yn 'e bibelske tradysje bekend as in man fan karakter, from en rynsk. Boäz is de oerpake fan kening David. Yn it Nije Testamint wurdt er yn 'e geslachtsregisters fan Jezus neamd (Mattéus 1:5 en Lukas 3:32).
De timpelpylder
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Boäz komt ek foar yn it boek 1 Keningen. Doe't kening Salomo de timpel yn Jeruzalim boude, liet er twa grutte koperen pylders by de yngong fan 'e timpel sette. De pylder oan 'e lofterkant krige de namme 'Boäz', dy oan 'e rjochterkant krige de namme Jakin.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
It ferhaal fan Boäz is te finen yn de haadstikken 2, 3 en 4 fan it boek Ruth. Syn namme komt ek foar yn 1 Kroniken 2 en yn 'e geslachtsregisters yn Mattéus 1 en Lukas 3.
|
