Blyths túfearn
| Blyths túfearn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Nisaetus alboniger | ||||||||||||
| (Blyth), 1845 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
Blyths túfearn of Blyths toefearn (Nisaetus alboniger) is in rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae) yn it skift fan 'e haukeftigen (Accipitriformes). De fûgel komt foar yn Súdeast-Aazje. Lykas in soad oare boskfûgels yn dy regio nimt de populaasje yn oantal ôf troch de kap fan bosken, mar de soarte wurdt noch as net bedrige beskôge.
Uterlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blyths túfearn is in frij lytse en slanke earn mei in lichemslingte fan 50 oant 58 sm en in spanwiidte fan 100 oant 115 sm. It meast opfallende skaaimerk op syn kop is de lange, swarte túf. In folwoeksen fûgel is swart oan 'e boppekant en op 'e kop; de wjukken binne wat doffer fan kleur.
De ûnderkant fan it lichem is wyt mei swarte streken. Op it boarst binne de streken fertikaal en de búk is swier bandearre. Yn 'e flecht falle de brede wjukken op. De ûnderkant fan 'e sturt hat in brede swarte einbân op in grize eftergrûn. De ljochtgiele poaten binne swart befearre en de iris is gieloranje.
De jonge fûgel hat in gielbrune kop mei in bêzjekleurige punt oan de túf, in brune boppekant en fjouwer oant fiif sturtbannen. De ûnderkant fan in jonge fûgel is bêzje oant witich, mei of sûnder donkere plakken.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze earn briedt op it Malakka-skiereilân (yn Maleizje en it suden fan Tailân), op Borneo en op Sumatra. Hy libbet dêr benammen yn iepen bosken.
De soarte wurdt as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat er net opdield wurdt yn ferskate ûndersoarten.
Skaai-yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earnen út it skaai Nisaetus waarden earder ta it skaai Spizaetus rekkene, mar DNA-ûndersyk hat útwiisd dat dizze twa groepen genetysk net nau oaninoar besibbe binne.
Libbenswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blyths túfearn libbet yn berchbosken op in hichte tusken de 500 en 1500 meter. Hy jaget op in haukeftige wize tusken de beammen troch en wurdt mar selden sjoen as er yn sirkels yn 'e loft sweeft.
De fûgel yt sûchdieren, flearmûzen, fûgels en hagedissen. Der binne ek meldingen dat de fûgel nuete hinnen pakt. Oer it briedgedrach is net in soad bekend; der binne briedende fûgels op it nêst waarnommen yn novimber en jonge fûgels fan ein desimber oant ein april.
Status en bedriging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Hoewol't it oantal tebekrint troch grutskalige ûntbosking, is dy delgong net sterk genôch om de soarte as bedrige te klassifisearjen. De IUCN kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
