Blythiisfûgel
| Blythiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Alcedo hercules | ||||||||||||
| Laubmann, 1917 | ||||||||||||
| IUCN-status: gefoelich | ||||||||||||
De blythiisfûgel, Blyths iisfûgel of de Herkulesiisfûgel (Alcedo hercules) is in seldsume fûgel fan it skaai echte iisfûgels (Alcedo semitorquata) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). It is de grutste soarte yn it skaai.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Ingelsk en Nederlânsk is de soarte nei de Britske soölooch Edward Blyth ferneamd, dy't de fûgel yn 1845 as Alcedo grandis beskreau. Letter die bliken dat dy namme al brûkt waard, sadat dy gjin erkenning krige. Yn 1917 hat Alfred Laubmann in nije namme útsteld, sadat hy no as auteur fermeld stiet.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De 22 oant 23 sm lange iisfûgel is grutter as de gewoane iisfûgel, mar fierder ha de twa soarten in soad fan inoar. Blythiisfûgels hja in blauwe kop en oars as de gewoane iisfûgel gjin oranje streek by't ear. Fierder hat de soarte in donkerder mantel, hast swarte wjukken mei wat blauwe pjukkels en in djipper readbrune buk. De snaffel fan it mantsje is hielendal swart, wylst it wyfke in donkerreade ûndersnaffel hat.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt fan East-Nepal oant Sintraal-Fjetnam en Fujian yn it súdeasten fan Sina foar. Yn it grutste part fan it ferspriedingsgebiet is it in seldsume oant tige seldsume fûgel. Allinne yn Fjetnam komt de fûgel lokaal relatyf algemien foar (West-Tonkin en Annam). It leefgebiet bestiet út heldere beken en lytse rivieren yn djippe kleauwen, heuvellân en leafbosken tusken de 400 en 1000 m boppe de seespegel. Mooglik komt de fûgel ek foar by streamend wetter yn bosk, dat grinzget oan agrarysk gebiet mei in soad beammen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch fragmintaasje, degradaasje en mooglik ek fersmoarging fan it leefgebiet giet de populaasje fan 'e fûgel yn oantal efterút. It is net in algemiene fûgel en de soarte komt allinne mar yn in spesifyk biotoop oan rivieren foar. De grutte fan 'e populaasje wurdt tusken 2500 en 10.000 fûgels rûsd. De fûgel stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as gefoelich (hast bedrige ) klassifisearre (2022).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
