Blood Lite II: Overbite

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Blood Lite II: Overbite
algemiene gegevens
auteur Kevin J. Anderson (red.)
taal Ingelsk
foarm ferhalebondel
sjenre fantasy
1e publikaasje 2010, New York
oarspr. útjwr. Gallery Books
kodearring
ISBN 978-1 43 91 87 654

Blood Lite II: Overbite is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redakteur en auteur Kevin J. Anderson. It boek omfettet 30 koarte ferhalen fan it fantasysjenre, dy't fermaaklikens kombinearje mei it boppenatuerlike, benammen mei fampieren. De titel betsjut letterlik "Bloed Light" (yn 'e sin fan in produkt mei minder kaloryen as normaal). De tafoeging Overbite ferwiist nei in 'oerhinnebyt', wêrby't de boppetosken wat mear nei foarren steane as de ûndertosken en sadwaande oer de ûndertosken hinne bite. (Beide dielen fan 'e titel ferwize op komysk bedoelde wize nei fampieren.)

De ferhalen yn 'e bondel binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Kelley Armstrong, L.A. Banks en Kevin J. Anderson sels. Alle ferhalen út Blood Lite II: Overbite waarden yn dizze bondel foar it earst útjûn, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. Blood Lite II: Overbite waard yn 2010 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Gallery Books.

Ferhalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. Heather Graham, Death and Taxes
  2. Jeff Ryan, Table for Two
  3. J.A. Konrath, Treatment
  4. Christopher Welch, Dead Clown Séance
  5. Scott Nicholson, The Day the Devil Swallowed a Heapin' Helpin' of Pride at the Beaulahville Gospel Jubilee
  6. Don d'Ammassa, Piecemaker
  7. Lucien Soulban, Good Breeding
  8. John R. Little, Tails
  9. L.A. Banks, Dog Tired (of the Drama!)
  10. Mark Onspaugh, A Sweet Girl for Todd
  11. Kevin J. Anderson en Janis Ian, Dark Carbuncle
  12. Jordan Summers, Tastes Like Chicken
  13. Edward Bryant, Bad German
  14. Brian J. Hatcher, The Halloween War
  15. Joel A. Sutherland, Oh, the Ho-Ho Horror
  16. Aaron Polson, The Unfortunate Persistence of Harold Francis Beamish
  17. D.L. Snell, Dick and Larry
  18. Sam W. Anderson, Son of… a Bitch!
  19. Allison Brennan, Her Lucky Day
  20. Sharyn McCrumb, A Wing and a Prayer
  21. Daniel Pyle, Barewolf
  22. Eric James Stone, American Banshee
  23. Amy Sterling Casil, The Epicurean
  24. Nancy Kilpatrick, The Ghoul Next Door
  25. Nina Kiriki Hoffman, Daycare of the Damned
  26. Derek Clendening, Season's Tickets
  27. Mike Resnick en Lezli Robyn, The Close Shave
  28. Steve Rasnic Tem, Shaggy Dog Story
  29. Jeff Strand, Eight-Legged Vengeance
  30. Kelley Armstrong, Lucifer's Daughter (ûnderdiel fan Women of Otherworld)

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: