Blind Date with a Werewolf
| Blind Date with a Werewolf | ||
| algemiene gegevens | ||
| auteur | Patricia Briggs | |
| taal | Ingelsk | |
| foarm | ferhalebondel | |
| sjenre | fantasy | |
| 1e publikaasje | 2025, New York | |
| oarspr. útjwr. | Ace Books | |
| rige | ||
| rige | Alpha and Omega | |
| kodearring | ||
| ISBN | 978-0 59 39 52 603 | |
Blind Date with a Werewolf is in ferhalebondel fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. De titel betsjut: "Blind Date mei in Wearwolf". It boek befettet fiif opinoar oanslutende koarte ferhalen fan it fantasysjenre, dy't hearre ta Briggs har romansearje Alpha and Omega. Trije dêrfan binne earder publisearre yn ferskate blomlêzings mei wurk fan oare auteurs, wylst de oare beide spesjaal foar Blind Date with a Werewolf skreaun binne. De ferhalebondel waard yn 2025 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books.
Underwerp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ferhalen geane oer de gefaarlike âlde wearwolf Asil Moreno, byneamd "de Moar", foar wa't fia datingwebsiden ferskate kearen in blind date regele wurdt. Dat wurdt dien troch 'besoarge freonen' dy't har feilich ferskûlje efter de anonimiteit fan in tydlik e-mailadres. Asil is folslein fan doel om út te finen wa't syn 'freonen' binne en om harren mei gelikense munt werom te beteljen. Mar hy lit him manipulearje wannear't se him meidiele dat der in pool is wêryn't se wedzje oer hoelang't er it op in ôfspraakje folhâlde kin (de hearskjende opiny is dat er gjin inkeld ôfspraakje oan 'e ein ta útsitte sil).
Ferhalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Epilooch (wêryn't einlings oan it ljocht komt wa't de "besoarge freonen" fan Asil binne)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Mercy Thompson (romansearje) | |
|---|---|
| Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost | |
| Alpha and Omega (romansearje) | |
| Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Unappreciated Gifts** • Must Love Cats: Aftermath** • Asil and the Not-Date** • Dating Terrors** • Scheherazade** | |
| fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows; **) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Blind Date with a Werewolf | |