Springe nei ynhâld

Blauwjukparkyt

Ut Wikipedy
Blauwjukparkyt

Mantsje.
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljepappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittacoidea)
skaaiealparkiten (Psittacula)
soarte
Psittacula columboides
Vigors, 1830
IUCN-status: net bedrige

De blauwjukparkyt (Psittacula columboides) is in endemyske fûgelsoarte yn Yndia fan it skaai ealparkiten (Psittacula) út de famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae).

Mantsje.
Wyfke.

De likernôch 38 sm lange blauwjukparkyt is foar it measte blau-griis. De holle, it boarst en de mantel binne blaugriis, de wjukken binne blau en de meast blauwe sturtfearren binne fan ûnder giel. Wyfkes en mantsjes ha in swarte halsbân, dy't by it mantsje dêrûnder in blaugriene râne hat. Fierder is it wyfke oer it generaal griener en minder blau as it mantsje en hat se in folslein donkere snaffel, dy't by it mantsje felread is.

De parkyt libbet yn fochtige bosken op in hichte fan 100 oant 1600 m yn 'e West-Ghats fan 'e Yndiaaske dielsteaten Maharashtra, Karnataka en Kerala yn it súdwest fan Yndia. De soarte wurdt as monotypysk behannele, dat wol sizze dat de soarte net yn ûndersoarten is ferdield.

Groepke blauwjukparkiten yn 'e kroan fan in beam.

De fûgel bringt in soad tiid troch yn 'e toppen fan 'e beammen, dêr't er blommen en fruit siket, mar hy yt ek sied fan 'e grûn. It is in sosjale fûgel, dy't faak mei prûmkopparkiten te sjen is. De soarten hat syn nêst fan desimber oant maart yn in beamholte op in hichte fan seis oant tritich m boppe de grûn.

De wrâldpopulaasje wurdt net bedrige, mar stiet lokaal op 'e reade list. It ferspriedingsgebiet is relatyf lyts en der wurdt oannommen dat it oantal tebekrint. Yn Yndia is in ferbod op 'e hannel yn 'e fûgel.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: