Springe nei ynhâld

Blauwjukgoes

Ut Wikipedy
Blauwjukgoes
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai blauwjukguozzen (Cyanochen)
Bonaparte, 1856
soarte
Cyanochen cyanoptera
Rüppell, 1845
IUCN-status: gefoelich

De blauwjukgoes (Cyanochen cyanoptera) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De blauwjukgoes is de iennige soarte fan it skaai fan 'e blauwjukguozzen (Cyanochen).

Mantsjes en wyfkes ha in brúngrize kleur. De kop en de boppenekke binne wat ljochter. De fûgel wurdt likernôch 70 sm grut. De grutte slachpinnen binne ljochtblau. Harren poaten en de lytse snaffel binne swart. Blauwjukguozzen ha in dik fearrekleed, dat oanpast is oan 'e kjeld fan 'e Etiopyske heechlannen.

In blauwjukgoes yn it Sylvan Heights Waterfowl Park, Scotland Neck, Noard-Karolina.

It biotoop fan 'e blauwjukgoes bestiet benammen út rivieren, swietwettermarren, sompen, wetteropslachgebieten en subtropysk en tropysk gerslân op grutte hichte.

De soarte is endemysk yn Etioopje.

De fûgels weidzje fral nachts en slûgje oerdeis. Se kinne goed swimme en fleane, mar doch dat net gau en kin goed benei kommen wurde. Bûten de briedtiid foarmet de blauwjukgoes groepen.

Blauwjukguozzen briede by berchmarren en rivieren. Oannommen wurdt dat de fierder net sa bekende soarte in omseame nêst boud tusken gers en 6 oant 7 eieren leit.

Bedrigingen foarmje it ferlies oan biotoop, de jacht op 'e fûgel en mooglik ek drûchte. Der is in rûzing út 2016 dat de populaasje út 4.500 oant 10.500 fûgels bestiet. Oannommen wurdt dat de populaasje lytser wurdt. De soarte stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as gefoelich klassifisearre.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes: en:Blue-winged goose