Springe nei ynhâld

Blauwe trap

Ut Wikipedy
blauwe trap
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skifttrapeftigen (Otidiformes)
famyljetrapfûgels (Otididae)
skaaiblauwe trappen (Eupodotis)
soarte
Eupodotis caerulescens
Vieillot, 1820
IUCN-status:

De blauwe trap (Eupodotis caerulescens) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e trapfûgels (Otididae), dy't endemysk is foar Súd-Afrika. Syn lûd is in rige kikkerteftich kwêkjen, dat meastentiids yn 'e flecht te hearren is. It natuerlike leefgebiet bestiet út gerslân, drûge strûkgebieten, lânbougrûn en greide yn flakke gebieten mei koart gers.

Trapfûgels binne grûnbewenjende fûgels mei in stevich lichem, in grutte kop en in lange hals, lange poaten en koarte teannen. De blauwe trap is in frij grutte fûgel dy't in lingte kriget fan 50 oant 58 sm. De foarholle en de krún binne swart, wylst de siden fan 'e kop wyt binne. By mantsjes binne de rêch, de wjukken en de sturt brún, mar de hals, kiel, it boarst en de búk binne blaugriis. Wyfkes binne kwa kleur ferlykber, mar de hals en it ûnderlichem binne doffer griis en de eardekfearren binne bêzje-eftich. De poaten binne giel.

Fersprieding en habitat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De blauwe trap komt foar yn Súd-Afrika en oant de westlike râne fan Lesoto. It ferspriedingsgebiet rint fan Pretoria en Mbombela yn it noarden oant Bhisho yn it suden en beslacht likernôch 356.000 km².

De soarte wurdt oantroffen op gerslannen op hichten fan 1.500 oant 3.000 meter. Hy jout de foarkar oan koart gers mei ferspraat lizzende Karoo-eftige dwerchstrûken en termiteheuvels, mar mei mar in bytsje beammen, meast binnen in kilometer fan wetter. Ek komt er foar op earder bewurke of braaklizzende gebieten, en op ikkers mei wintergewaaks en op greiden.

De blauwe trap libbet foar it grutste part op 'e grûn. As er fersteurd wurdt, krûpt er earst yninoar; by it tichterby kommen rint of draaft er faak fuort mei de kop nei ûnderen. As it gefaar grutter wurdt, fljocht er op en kin er in aardich ein fleane.

De fûgels wurde meast yn pearen of yn lytse famyljegroepen sjoen. Se sykje iten yn 'e foarm fan ynsekten, hagedissen, skorpioenen, sied, blommen en blêden.

It brieden fynt benammen plak yn oktober en novimber. It nêst is in ûndjippe kûle yn 'e grûn, faak ferburgen yn tichte begroeiïng. Dêr wurde ien oant trije aaien lein. De brieddoer duorret sa'n 26 dagen, en de famylje kin oant twa jier byinoar bliuwe.

De populaasje fan dizze soarte waard yn 2017 troch de IUCN op 8.000 oant 10.000 folwoeksen fûgels rûsd. Yn 'e Eastlike Karoo liket de populaasje tebek te rinnen, mar earne oars liket er frij stabyl. Neffens de IUCN wurdt it gebiet mei geskikt leefgebiet lykwols lytser troch it omsetten fan gerslân foar lânbougebrûk en ferwachte wurdt dat dy ûntwikkeling trochgiet. Dêrfandinne hat de IUCN de beskermingsstatus fan 'e fûgel klassifisearre as "gefoelich" (Near Threatened).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: