Blauwe kraanfûgel
| blauwe kraanfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Anthropoides paradisea | ||||||||||||
| Linneus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: kwetsber
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De blauwe kraanfûgel (Anthropoides paradisea) is in fûgel út de famylje kraanfûgels (Gruidae). It is ien fan 'e twa soarten yn it skaai jufferkraanfûgels (Anthropoides). Guon taksonomen sette de blauwe kraan mei de oare soarte fan dat skaai, de jufferkraanfûgel, yn it skaai Grus.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tradisjoneel wurdt de blauwe kraan tegearre mei de jufferkraan yn it skaai Anthropoides set. Neffens DNA-ûndersyk soenen de twa soarten yn it skaai Grus thúshearre, mar dêr is gjin ienriedigens oer en wylst guon taksonomen útstelden om Anthropoides wer mei Grus gear te foegjen, keazen Clements et al. yn 2019 om se yn Anthropoides te hâlden en Grus op te splitsen yn trije skaaien: Grus, Leucogeranus en Antigone. De measte moderne systemen (IUCN, BirdLife) behannelje de Anthropoides apart as in lytse, dúdlik te ûnderskieden line.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte is in lytsere en sierlike kraan fan 110 oant 120 sm lang en weaget 4,9 oant 5,3 kg en hat in spanwiidte fan 1,8 oant 2,0 m. De fûgel is ljocht blaugriis en ha in swarte búk mei lange donkergrize wjukfearren, dy't oant op grûn hingje. Folwoeksen fûgels hawwe in rôze snaffel en binne wyt op 'e kroan en oan 'e basis fan 'e snaffel, wylst de jonge fûgels in folslein wite kop en in blekere snaffel hawwe.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutste populaasje libbet yn Súd-Afrika, dêr't er benammen yn 'e súdlike en eastlike regio's oantroffen wurdt. Yn it noarden fan Namybje libbet in lytse populaasje, dy't sûnt 2007 minder as 50 fûgels telt.
De fûgelsoarte komt foar yn wetterryk heuvellân en dellingen en ek op hegerlizzende flakten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sûnt 1980 binne de oantallen fan 'e soarte foars tebekrûn en yn dielen fan Súd-Afrika is de soarte ferdwûn. Yn 2020 waard de populaasje op 17.000 oant 30.000 fûgels rûsd. De soarte stiet as kwetsber op 'e Reade list fan 'e IUCN. Wichtige bedrigingen foarmje de yntinsive lânbou dy't natuerlik gerslân en steppes ferfangt, fergiftiging en it brûken fan pestisiden, it fleanen tsjin elektrisiteitstriedden, grutskalige wyn- en sinneparken en nije ynfrastruktuer en it fangen fan 'e fûgel foar de hannel.
De fûgel wurdt hjoed-de-dei wetlik beskerme yn Súd-Afrika. Oare beskermingsmaatregelen rjochtsje harren op ûndersyk, it behear fan it leefgebiet, foarljochting en it ynskeakeljen fan lâneigners by it yn stân hâlden fan 'e soarte. It oantal blauwe kranen yn Súd-Afrika waard yn 2024 op likernôch 34.000 oant 68.000 rûsd, wêrfan 34.170 folwoeksen fûgels. Yn guon regio's is in werstel waar te nimmen.[1]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
