Springe nei ynhâld

Blauwe grûndo

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Blauwe grûndowen)
Blauwe grûndo

Mantsje

Wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dowen (Columbidae)
skaai blauwe grûndowen (Claravis)
(Oberholser, 1844)
soarte
Claravis pretiosa
(Ferrari-Perez, 1886)
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De blauwe grûndo (Claravis pretiosa) is in fûgelsoarte út 'e famylje dowen (Columbidae). It is de iennige soarte yn it skaai Claravis nei't twa soarten yn 2018 nei it skaai poarpergrûndowen (Paraclaravis) ferhûzen.

Blauwe grûndowen binne lytse dokes fan 20 sm lang en weagje 65 oant 72 gram. Folwoeksen mantsjes binne blaugriis fan boppe, fealgriis fan ûnder en nei it gesicht griiswyt. De flechtfearren en bûtenste sturtfearren binne swartich en de wjukken ha swarte spikkels, dy't faak in bân foarmje. De iris is read of giel en de bleate eachring is grien. De fûgel hat fleisrôze poatsjes.

Wyfkes ha in griisbrune kop, nekke en boarst. It griisbrune giet op 'e ûnderwjukken en búk oer op blaugriis. De rêch is readbrún en de plakken op 'e wjukken, de stút en sturt binne kastanjebrún. Jonge fûgels lykje op it wyfke, mar hawwe in readbrún skobbich patroan op 'e rêch.

Yn it grutste part fan it ferspriedingsgebiet kin it mantsje eins net betiizge wurde mei oare soarten, mar lokaal kin de fûgel foar leden fan it skaai Paraclaravis oansjoen wurde. It wyfke toant ek oerienkomsten mei leden fan dat skaai, mar meastentiids wurdt se gauwer mei it wyfke fan 'e Columbina talpacoti betiizge, dy't wat lytser is en net kastanjebrune mar swarteftige plakken op 'e wjukken hat. Yn it grutste part fan it ferspriedingsgebiet betsjut de kombinaasje fan in blaugrize en in brune do yn 'e beammen dat it blauwe grûndowen binne.

De soarte komt fan eastlik Meksiko oant noardlik Argentynje en súdeastlik Brazylje foar. Se libje relatyf faak yn iepen boskgebieten, oan boskrânen, berms en by oare iepen plakken, fral yn 'e fochtige gebieten, oant in hichte fan 1620 m.

De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten bestiet.

De fûgel boud in nêst fan tûkjes fanôf 1 oant 11 m boppe de grûn en it lechsel bestiet út 2 aaien.

Yn 2017 waard de hiele populaasje op 0,5 oant 5 miljoen folwoeksen fûgels rûsd. Oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne. De soarte stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (LC) klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: