Blauwe grûndo
Blauwe grûndo | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() Mantsje ![]() Wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Claravis pretiosa | ||||||||||||
(Ferrari-Perez, 1886) | ||||||||||||
![]() | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De blauwe grûndo (Claravis pretiosa) is in fûgelsoarte út 'e famylje dowen (Columbidae). It is de iennige soarte yn it skaai Claravis nei't twa soarten yn 2018 nei it skaai poarpergrûndowen (Paraclaravis) ferhûzen.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blauwe grûndowen binne lytse dokes fan 20 sm lang en weagje 65 oant 72 gram. Folwoeksen mantsjes binne blaugriis fan boppe, fealgriis fan ûnder en nei it gesicht griiswyt. De flechtfearren en bûtenste sturtfearren binne swartich en de wjukken ha swarte spikkels, dy't faak in bân foarmje. De iris is read of giel en de bleate eachring is grien. De fûgel hat fleisrôze poatsjes.
Wyfkes ha in griisbrune kop, nekke en boarst. It griisbrune giet op 'e ûnderwjukken en búk oer op blaugriis. De rêch is readbrún en de plakken op 'e wjukken, de stút en sturt binne kastanjebrún. Jonge fûgels lykje op it wyfke, mar hawwe in readbrún skobbich patroan op 'e rêch.
Yn it grutste part fan it ferspriedingsgebiet kin it mantsje eins net betiizge wurde mei oare soarten, mar lokaal kin de fûgel foar leden fan it skaai Paraclaravis oansjoen wurde. It wyfke toant ek oerienkomsten mei leden fan dat skaai, mar meastentiids wurdt se gauwer mei it wyfke fan 'e Columbina talpacoti betiizge, dy't wat lytser is en net kastanjebrune mar swarteftige plakken op 'e wjukken hat. Yn it grutste part fan it ferspriedingsgebiet betsjut de kombinaasje fan in blaugrize en in brune do yn 'e beammen dat it blauwe grûndowen binne.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt fan eastlik Meksiko oant noardlik Argentynje en súdeastlik Brazylje foar. Se libje relatyf faak yn iepen boskgebieten, oan boskrânen, berms en by oare iepen plakken, fral yn 'e fochtige gebieten, oant in hichte fan 1620 m.
De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten bestiet.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel boud in nêst fan tûkjes fanôf 1 oant 11 m boppe de grûn en it lechsel bestiet út 2 aaien.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2017 waard de hiele populaasje op 0,5 oant 5 miljoen folwoeksen fûgels rûsd. Oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne. De soarte stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (LC) klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Blauwe grûndo
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago