Springe nei ynhâld

Blauwe gaai

Ut Wikipedy
blauwe gaai
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskfûgels (Passeriformes)
famyljekriefûgels (Corvidae)
skaaiblauwe gaaien (Cyanocitta)
soarte
Cyanocitta cristata
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     wintergast

De blauwe gaai (wittenskiplike namme: Cyanocitta cristata) is in fûgel út it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes), de famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae) en it skaai fan 'e blauwe gaaien (Cyanocitta). Dit bist komt foar yn Noard-Amearika beëasten de Rocky Mountains. De blauwe gaai is lyts foar in kriefûgel, mei in opfallende wyt-mei-blauwe kleur en in grut fermogen ta it neibearen fan lûden. Oer it algemien is er in stânfûgel, mar in part fan 'e populaasje nimt diel oan 'e fûgeltrek. Dizze lûdroftige, sosjale omnivoar bout syn nêst by foarkar yn nullebeammen. Yn 'e briedtiid kin de blauwe gaai tige agressyf wêze, ek nei minsken ta. De IUCN klassifisearret dizze fûgel as net bedrige. De blauwe gaai is de offisjele provinsjale fûgel fan 'e Kanadeeske provinsje Prins Edwardeilân.

De blauwe gaai waard foar it earst yn 1758 wittenskiplik beskreaun troch de Sweedske biolooch en taksonoom Carolus Linnaeus yn 'e tsiende edysje fan syn ynfloedrike wurk Systema Naturæ. Linnaeus klassifisearre dizze fûgel as in krie (yn it skie Corvus) en joech him de wittenskiplike namme Corvus cristata, dat yn it Latyn safolle betsjut as "toefkrie". Yn 'e njoggentjinde iuw dielde de Frânske ornitolooch prins Karel Lusiaan Bonaparte de blauwe gaai op 'e nij yn by de ravensgaaien (Cyanocorax) mei de wittenskiplike namme Cyanocorax cristata. It skaai fan 'e blauwe gaaien (Cyanocitta) waard yn 1845 yntrodusearre troch de Ingelske ornitolooch Hugh Edwin Strickland.

In blauwe gaai yn Central Park yn New York.

De blauwe gaai is lânseigen yn Noard-Amearika, dêr't syn ferspriedingsgebiet him útwreidet oer it hiele eastlike twatrêdepart fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. De westgrins fan it gebiet dêr't de blauwe gaai as stânfûgel libbet, rint fan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko by Houston, yn it easten fan Teksas, mei in flauwe bocht fia West-Teksas en de súdeastpunt fan Nij-Meksiko en folget dan de line fan 'e Rocky Mountains troch it noardeasten fan Nij-Meksiko, Kolorado, Wyoming en Montana nei de grins mei Kanada.

Yn it noarden hearre Nijfûnlân, it suden fan Labrador, it Frânske gebietsdiel Sint-Pierre en Miquelon, en Cape Bretoneilân, Prins Edwardeilân en de westlike helte fan Anticosti yn 'e Saint Lawrencebaai ta it ferspriedingsgebiet fan 'e blauwe gaai. Op it fêstelân rint de noardgrins fan it areaal fan dizze fûgel troch it suden fan 'e provinsjes Kebek en Ontario, dan yn Manitoba boppe de Winnipegmar lâns nei it noarden fan Saskatchewan en Alberta om it noardeasten fan Britsk-Kolumbia noch mei te pakken. Der is in útrinner nei it suden ta bewesten de Rocky Mountains yn it suden fan Britsk-Kolumbia, foar't de grins fan it ferpriedingsgebiet werombûcht nei it noarden om fia sintraal Alberta en it suden fan Saskatchewan yn Montana út te kommen.

It gebiet dêr't de blauwe gaai as wintergast foarkomt, leit yn súdlik en westlik Teksas en in lyts hoekje fan noardlik Meksiko, en fierders yn en bewesten de Rocky Mountains yn it suden fan Alberta en Britsk-Kolumbia (it eastlike part fan Vancouvereilân ynbegrepen), westlik Montana, Idaho, westlik Wyoming, it noarden fan Kolorado, Utah en Nevada, de eastlike râne fan Oregon en Washington en it diel fan dy beide steaten dat de Cascades en de Pasifyske kust beslacht. Dit wintergastgebiet is in relatyf nije ûntwikkeling, dy't pas fan 'e ein fan 'e tweintichste iuw ôf bestiet.

In blauwe gaai op 'e grûn.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De blauwe gaai is net grut foar in kriefûgel, mei trochinoar in totale lichemslingte fan 22–30 sm, dêr't de sturt likernôch 3/7 part fan útmakket. De wjukspanne is 34–43 sm, en it gewicht bedraacht 74–95 g. Boppe-op 'e kop hat de blauwe gaai in toef dy't er opsette of platlizzen kin, al neigeraden it sin dat er hat. By opwining of agresje komt de toef omheech; as de fûgel benaud is steane de fearren fan 'e toef nei bûten ta, as wie it in soarte fan kroan; by it foerazjearjen of rêsten leit de toef plat.

It fearrekleed fan 'e blauwe gaai is fierhinne blau mei wyt, mar wyt is de oerhearskjende kleur. It gesicht, it kin, de kiel, it boarst, de bealch en de stuten binne wyt, en teffens lytse dielen fan 'e wjukken. De boppekant fan 'e kop, de nekke, de rêch, de wjukken en de sturt binne ljochtblau oant himelsblau. De snaffel is swart en fan 'e snaffel ôf giet oer it each hinne in swarte streek, dy't fan it ear ôf mei in bocht oer de kiel nei de oare kant fan 'e kop rint. Op 'e wjukken en de sturt sitte oerdwerse swarte streekjes.

In blauwe gaai yn Lubbock (Teksas) mei de toef heal oerein.

Krekt as by de measte oare blaukleure fûgels is de kleuring fan 'e blauwe gaai net it gefolch fan 'e oanwêzigens fan in blau pigmint, mar fan ljochtynterferinsje dy't feroarsake wurdt troch de ynterne struktuer fan 'e fearren. As in blauwe fear yninoar frommele wurdt, sil de blauwe kleur ferdwine om't dêrtroch de ynterne struktuer ferneatige wurdt. It eigentlike pigmint yn 'e fearren is melanine, dat in swarte of alteast tige dûnkere kleur jout. Kleuring troch de ynterne struktuer fan fearren wurdt strukturele kleuring neamd.

De blauwe gaai komt foar yn in ferskaat oan biotopen, mar it is benammen in fûgel fan iepen en healiepen wâlden. De foarkar liket út te gean nei mingd wâld, mei sawol nullebeammen as iken en bûken. Mar poer nullewâld en leafwâld foldogge ek. Dêrnjonken komt dizze fûgel ek foar oan boskrânen en yn savanne-eftige kriten. De taname fan it tal folwoeksen beammen op 'e Grutte Flakten sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw, dy't it gefolch is sawol de bestriding fan natoerbrannen as fan opsetlike oanplant, hat de útwreiding fan it ferspriedingsgebiet fan 'e blauwe gaai yn westlike rjochting fasilitearre. Dizze fûgel hat him goed oanpast oan 'e oanwêzigens fan 'e minske yn syn ferspriedingsgebiet en komt sadwaande ek in protte foar yn kultuerlânskippen, lykas parken en tunen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In healwoeksen blauwe gaai yn july oan it fokalisearjen.

De blauwe gaai is in lûdroftige, dryste en bytiden agressive fûgel, dy't frij stadich fljocht (32–40 km/h) salang't er net oan it skrikken brocht is of efterfolge wurdt troch in rôffûgel.

Blauwe gaaiene binne by steat en meitsje in grut ferskaat oan lûden, en op yndividuele basis kinne se gâns yn 'e styl fan har fokalisaasjes ferskille. Krekt as oare kriefûgels krasse se, benammen by wize fan harren alaarmrop, dy't wol ekstreem skel en trochkringend is. Dêrnjonken bringe se ek in heechtoanige fûgelsang fuort dy't maklik betize wurde kin mei de sang fan chickadees, de Amerikaanske leden fan it skaai fan 'e roumiezen (Poecile). Dizze rop klinkt likernôch as djeeër-djeeër en nimt ta yn fluggens neigeraden dat de fûgel mear agitearre rekket. Blauwe gaaien brûke dy rop om gear te kloftsjen foar it ferjeien fan potinsjele rôfdieren lykas haukfûgels. Se hawwe ek in piipjende rop dy't klinkt as in meganysk foarwerp dat nedich smaard wurde moat. Fierders is de blauwe gaai in feardich imitator, dy't net inkeld de rop fan oare fûgels neibeare kin, mar ek it lûd fan minsklike spraak.

In blauwe gaai yn it Prospect Park yn New York.

De blauwe gaai is in tige yntelliginte fûgel, dy't nijsgjirrich is nei nije dingen. Juvenilen pakke gauris glânzgjende of glinsterjende foarwerpen op, lykas flessedoppen of stikjes aluminiumfoalje, dy't se dêrnei meidrage oant se har belangstelling derfoar ferlieze. Oars as by krieën is it brûken fan ark by de blauwe gaai yn it wyld (noch) net fêststeld, mar yn finzenskip wol.

Migraasjegedrach

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar it meastepart is de blauwe gaai in stânfûgel, mar de noardlikste populaasjes binne fan needs trekfûgels, dy't ferskate hûnderten kilometers nei it suden ta oerwinterje. Yn 'e krite om 'e Grutte Marren hinne en by de Atlantyske kust lâns is waarnommen hoe't blauwe gaaien trekke yn swaarmen fan 5–250 yndividuën. In grut part fan it trekgedrach fan dizze soarte is noch altyd in riedsel. Guon eksimplaren trekke alhiel net, wylst oaren út deselde krite dat wol dogge. It liket wol as hingje healwoeksen eksimplaren der mear ta oer om te trekken as folwoeksenen, mar guon folwoeksen fûgels trekke ek. Party fûgels oerwinteret it iene jier yn it suden, mar bliuwt it jiers dêrop yn it noarden, om wer in jier letter wer nei it suden te tsjen, sûnder dat der in neamenswurdich ferskil bestiet wat de strangens fan 'e winters oanbelanget. Ornitologen binne dêr noch net oer út, mar it tinken is dat it te krijen hat mei de feroarlike beskikberens fan itensboarnen yn it noarden.

It nêst fan in blauwe gaai.

Territorialiteit en agresje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De blauwe gaai is in tige territoriale fûgel, yn 't bysûnder yn 'e briedtiid. Dan duldet er beslist gjin mooglike gefaren yn 'e neite fan syn nêst. Hy falt haukfûgels en ûlen oan en efterfolget se, en der binne sels gefallen bekend dat in blauwe gaai in minske oanfoel dy't te ticht by syn nêst kaam. Soms beart er de rop fan in rôffûgel nei, fral fan 'e readsturtmûzefalk (Buteo jamaicensis) en de readskoudermûzefalk (Buteo lineatus), nei't it liket om te testen oft der sokke fûgels yn 'e buert binne (dan beäntwurdzje se nammentlik de rop). It is ek mooglik dat de blauwe gaai sokke rôffûgels imitearret om lytsere fûgels op 'e flecht te driuwen, dy't mei him konkurrearje. Foar guon lytsere fûgels kin de oanwêzigens fan blauwe gaaien foardielich wêze, mei't se rôffûgels ferdriuwe en in lûde alaarmrop klinke litte as se sokke fûgels of oare rôfdieren gewaarwurde. Mar de territoriale driuw fan 'e blauwe gaai is sa sterk, dat er soms lytsere fûgels of yn beammen rêstende flearmûzen, lykas de Amerikaanske reade flearmûs (Lasiurus borealis), yn 'e neite fan syn nêst deamakket.

In pear aaien fan 'e blauwe gaai út 'e kolleksje fan it Museum Wiesbaden yn Wiesbaden.

De peartiid begjint foar de blauwe gaai mids maart, berikt syn hichtepunt fan mids april oant mids maaie, en rint troch oant yn july. Foar de bou fan it nêst foldocht hast eltse beam of strûk, mar de foarkar giet dúdlik út nei nullebeammen. It nêst wurdt ornaris oanlein op in hichte fan 3–10 m boppe de grûn. It hat de foarm fan in tsjelk en bestiet út twigen, de woartels fan gerzen en krûden, stripen beamskoars, moas, oar plantaardich materiaal, fearren en drek oan 'e naden te tichtsjen. Soms wurde ek ûnnatuerlike boumaterialen brûkt, lykas âlde fodden en papierflarden dy't de fûgels by it ôffal fûn hawwe.

Blauwe gaaien binne net botte sinnich wat nêstplakken oangiet. Yn kriten dêr't frijwol gjin beammen foarkomme, kieze se ek wol troch minsken makke lânskipseleminten út om yn te nêsteljen, lykas de brievebussen fan partikulieren dy't op it Amerikaanske plattelân soms op hûnderten meters ôfstân steane fan 'e wente dêr't se by hearre. It kin ek wêze dat se har de nêsten fan oare, lytsere fûgels ta-eigenje, lykas wol foarkomt mei de nêsten fan 'e readboarstlyster (Turdus migratorius).

In blauwe gaai pikt nuten iepen mei syn snaffel.

Blauwe gaaien foarmje yn 'e regel in monogame bân mei har partner, dy't duorret oant ien fan beiden deagiet. It mantsje en it wyfke bouwe tegearre it nêst en wurkje gear by it grutbringen fan 'e piken, hoewol't it brieden troch it wyfke allinnich dien wurdt. Wylst sy op it nêst sit, foerazjearret it mantsje foar har en bringt har iten en drinken. In lechsel bestiet by de blauwe gaai út 3–6, mar almeast 4–5 aaien. De briedtiid duorret 16–18 dagen. De piken binne nêstbliuwers, dy't keal, blyn en helpleas út it aai komme en dan noch 8–12 dagen bebret wurde moatte troch it wyfke, oant se harsels waarm hâlde kinne. It útfleanen bart yn 'e regel 17–21 dagen nei it útkommen fan 'e aaien.

Neitiid foerazjearje de âlden en de healwoeksen piken mei-inoar oant it hjerst wurdt en de jonge fûgels har eigen wegen geane om foar te kommen dat se mei har âlden konkurrearje moatte foar it krappe fretten yn it winterhealjier. Se binne mei likernôch 1 jier geslachtsryp. De libbensferwachting fan blauwe gaaien yn it wyld wurdt rûsd op trochinoar sa'n 7 jier, hoewol't ien ringe eksimplaar teminsten 26 jier en 11 moannen wurden is. Dy fûgel wie yn 1989 ringe yn 'e krite fan Labrador-Nijfûnlân-Sint-Pierre en Miquelon, en waard dêr yn 2016 dea oantroffen nei't er bestrûpt rekke wie yn in fisknet.

In blauwe-gaaiepyk dy't krekt útflein is.

Blauwe gaaien binne omnivoaren, mar ornitologen rûze dat 75% fan har fretten út plantaardich guod bestiet. Dêrby giet it benammen om sieden, nuten en beien en oare fruchten. Mei har krêftige snaffel hawwe se der gjin swierrichheden mei om nuten iepen te pikken. It dierlike part fan har fretten bestiet fral út lyts wringeleas wrimelt, lykas ynsekten, spinnen en wjirms, mar soms ek út 'e aaien en piken fan lytsere fûgels. Dêrnjonken geane se yn in protte tunen te gast oan it fûgelfoer dat de minsken útstruie. Se lykje benammen sljocht te wêzen nei apenuten dy't noch yn 'e dop sitte.

In blauwe gaai (rj.) efterfolge troch in stienfalk (Falco columbarius).

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e blauwe gaai binne ferskate soarten haukfûgels en falkfûgels, benammen de Amerikaanske hauk (Astur atricapillus), de readsturtmûzefalk (Buteo jamaicensis), de prêrjemûzefalk (Buteo swainsoni), de reade rûchpoatmûzefalk (Buteo regalis), de readskoudermûzefalk (Buteo lineatus), de Amerikaanske wikel (Falco sparverius), de sljochtfalk (Falco peregrinus) en de prêrjefalk (Falco mexicanus). De aaien en piken fan 'e blauwe gaai wurde ek wol ferslynd troch beamiikhoarntsjes, lykas it griis iikhoarntsje (Sciurus carolinensis), troch ferskate soarten krieën en slangen en troch de waskbear (Procyon lotor), de Firginia-opossum (Didelphis virginianus) en ferwyldere katten (Felis catus).

De blauwe gaai hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Njonken predaasje en út en troch in botsing mei in troch minsken makke foarwerp, lykas in rút of in wynmole, is sûnt de ein fan 'e tweintichste iuw ien fan 'e meast foarkommende deadsoarsaken by blauwe gaaien it West-Nylfirus, dêr't alle kriefûgels by útstek fetber foar skine te wêzen. Hoewol't dy sykte op pleatslik nivo hjir en dêr in dip yn 'e populaasjetichtens makke hat, liket it gjin bedriging foar de soarte as gehiel yn te hâlden.

In blauwe gaai op it súdlike part fan it Floaridaskiereilân.

Der binne 4 (stân fan saken yn 2018) erkende ûndersoarten fan 'e blauwe gaai (Cyanocitta cristata):

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.