Springe nei ynhâld

Blauwe eksters

Ut Wikipedy
Blauwe eksters
Cyanopica cyanus
Cyanopica cyanus
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang:mosk- en pappegaai-eftigen
   (Psittacopasserae)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
sûnder rang:sjongfûgeleftigen (Eupasseres)
ûnderskift:sjongfûgels (Passeri)
sûnder rang:echte sjongfûgels (Euoscines)
tuskenskift:krie-eftigen (Corvides)
boppefamylje:echte krie-eftigen (Corvoidea)
famylje:kriefûgels (Corvidae)
skaai:blauwe eksters (Cyanopica)
Bonaparte, 1850

De blauwe eksters (Cyanopica) foarmje in fûgelskaai út de famylje kriefûgels (Corvidae).

It skaai bestiet út mar twa erkende soarten, dy't foar in hiel skoft as ien soarte beskôge waarden. Oarspronklik waarden de blauwe eksters by it skaai Pica (de gewoane eksters) ûnderbrocht, mar út genetysk ûndersyk die bliken dat se yn in apart skaai hearre.

Yn it ferline waard der mar ien soarte erkend (Cyanopica cyanus), mar ûndersyk út de ein fan 'e 20e en it begjin fan 'e 21e iuw late ta de opsplitsing dêrfan yn twa ferskillende soarten mei ferskillende ferspriedingsgebieten.

OfbyldWittenskiplike nammeFryske nammeFerspriedingIUCN-status/Trend
Cyanopica cookiIbearyske blauwe eksterSpanje, Portegalnet bedrige
[1]
Cyanopica cyanusAziatyske blauwe eksterSina, Sibearje, Mongoalje, Japan en Koreänet bedrige
[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: